Anne Porte
Antje (Anne) Porte (Alde Leie, 28 novimber 1902 - Ljouwert, 29 maaie 1984)[1] wie in nillekeunstneresse út Aldebiltsyl. Hja krige tekenlessen fan Hein Froonen (1878-1958) en gie nei de skoalle foar tekenleararen yn Amsterdam. Anne Porte krige les yn gobelintechnyk fan frou Van Loghem. Se wie earst ferpleechster en dêrnei ferbûn oan de Ryksgebouwetsjinst, ûnder oare foar werstel fan de gobelins op Hûs De Bosk. Se makke gobelins en die oan bordueren en skilderjen (ûnder oare portret en lânskip).
Anne Porte | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Antje Porte | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 novimber 1902 | |
berteplak | Alde Leie | |
stoarn | 29 maaie 1984 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldzjend keunstner |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|