Antarktysk Ferdrach
It Antarktyske Ferdrach regelt de ynternasjonale relaasjes oangeande Antarktika, it iennige ûnbewenne kontinint. It ferdrach leit de frijheid fan wittenskiplik ûndersyk fêst en ferbiedt militêre aktiviteit op it kontinint.
It ferdrach waard ûndertekene troch 12 lannen, mei de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny derby, dy't besleaten om Antarktika as wittenskiplik reservaat gewurde te litten en gjin militêre aktiviteiten op dit kontinint te organisearjen. Dit wie de earste oerienkomst wat de fermindering fan bewapening yn de wapenwedrin fan de Kâlde Kriich oanbelanget. It Antarktysk Miljeuprotokol, yn 1998 oan it ferdrach taheakke, makket it boppedat oant yn elts gefal 2048 ûnmooglik mineralen op it kontinint te winnen.
It haadferdrach koe fan 1 desimber 1959 ôf ûndertekene wurde en waard offisjeel bekrêftige op 23 juny 1961. De oarspronklike ûndertekeners wienen de 12 lannen dy't yn it Ynternasjonaal Geofysysk Jier fan 1957-58 warber op Antarktika wienen: Argentynje, Belgje, Sily, Frankryk, Japan, Nij-Seelân, Eastenryk, Noarwegen, de Sovjet-Uny, it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Súd-Afrika. In stikmannich lannen hawwe letter tekene, dat wienen: Brazylje, Bulgarije, Sjina, Ekwador, Finlân, Dútslân, India, Itaalje, Súd-Korea, Nederland, Perû, Poalen, Spanje, Sweden en Urûguay.
It behear oer it kontinint wurdt regele yn de jierlikse gearkomsten fan de riejaande leden (lannen mei ûndersyksaktiviteiten op Antarktika). Ein 1999 wienen der 44 leden (27 konsultative en 17 oanslutende). By de konsultative (stimmende) leden binne de sân lannen dy't dielen fan Antarktika opeaskje as nasjonaal gebiet.
De kleems fan Argentynje, Sily en it Feriene Keninkryk oerlaapje inoar. Ruslân, de Feriene Steaten en guon oare lannen hawwe harren it rjocht foarbehâlden om letter ek stikken op te easkjen. Nederlân en de FS erkenne de kleems fan de oare lannen net.
Lidnaasjes
bewurkje seksjeKonsultative (riejaande) leden mei in kleem op in part fan Antartika
bewurkje seksje(brún)
Konsultative leden sûnder kleem
bewurkje seksje- Belgje
- Brazylje (1983)
- Bulgarije (1998)
- Sina (1985)
- Dútslân (1981)
- Ekwador (1990)
- Finlân (1989)
- Yndia (1983)
- Itaalje (1987)
- Japan
- Nederlân (1990)
- Perû (1989)
- Poalen (1977)
- Ruslân
- Spanje (1988)
- Urûguay (1985)
- Feriene Steaten
- Súd-Afrika
- Súd-Korea (1989)
- Sweden (1988)
Oanslutende leden
bewurkje seksje(Tusken heakjes jier fan oansluting)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) United Nations - Office for Disarmament Affairs (UNODA): Antarctic Treaty (folsleine tekst)