Anton Constandse
Anton Levien Constandse (Brouwershaven, 13 septimber 1899 – De Haach, 23 maart 1985) wie in Nederlânsk auteur, sjoernalist, anargist, ateïst en frijtinker.
Anton Constandse | ||
Anton Constandse yn 1973 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anton Levien Constandse | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 septimber 1899 | |
berteplak | Brouwershaven | |
stoarn | 23 maart 1985 | |
stjerplak | De Haach | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist |
Libben en wurk
bewurkje seksjeConstandse kaam út in (diels) dopers fermidden, folge fraachlearen en die iepenbiere belidenis fan it leauwe. Under de Earste Wrâldoarloch, beynfloede troch it wurk fan Friedrich Nietzsche en Henrik Ibsen, waard er anargist en ateïst en fûleinich pleiter foar dy oertsjûgingen. Yn 1918 helle er de legere ûnderwiisakte en in legere akte Frânsk. Letter soe er ek noch twa middelbere aktes Frânsk helje. Yn 1920 waard er feroardiele foar it helen fan stellen guod en siet er in heal jier fêst yn Feanhuzen.
Hy wurke moar koart yn it ûnderwiis en op kantoar, joech wat bylessen en ek in skoft priveelessen, yn de jierren tritich, mar wie dochs fral aktyf as sjoernalist en publisist. Yn de tweintiger jierren debattearre er oer it ateïsme mei ds. A.H. de Hartog en kaam syn Grondslagen van het ateïsme út (1926). Yn 1927 waard er ta twa moannen finzenisstraf feroardield mei't er Nederlânske soldaten, dy't by in ynternasjonaal organisearre besetting fan de Sineeske havenstêd Shanghai belutsen wiene, oanmoanne hie tsjinst te wegerjen.
Fan 1921 oant 1926 wie er troud mei Johanna van Harselaar; sy krigen gjin bern. Yn 1938 boaske er opnij oan Gerarda Hendrika van der Gaag; mei har hie er in soan.
Yn de rin fan tiid ûntjoech Constandse him fan in linkse pasifisyske anargist ta in mear 'saaklik' frijtinker, dy't ûnder druk fan it opkommend faksisme en syn ûnderfinings yn de Spaanske Boargeroarloch dy't er yn 1936 foar it blêd De Dageraad fersloech, it anargisme en it pasifisme fierder gewurde liet. Dat nije betinken krige syn wjerslach yn it boek Grondslagen van het anarchisme (1938).
As ferjilding foar de ynternearring fan Dútsers yn Nederlânsk-Ynje waard Constandse op 7 oktober 1940 mei 109 oaren as gizeler nei Buchenwald brocht. Letter siet er yn Nederlân fêst, ûnder oaren yn it lytsseminary Beekvliet yn Sint Michielsgestel en yn kamp Vught. Yn de tiid dat er finzene wie moete er de âld-dirkteur fan it Algemeen Handelsblad, dêr't er fan 1945 oant 1964 haad fan de redaksje bûtenlân wie. Syn anargistysk ferline wie gjin behindereing om by dy liberale krante te wurkjen, mei't syn ferslachjouwing neutraal wie. Foar freonen oer rjochtfeardige er dat wurkjen foar it 'Kapitaal' troch te stellen dat de foarm fan anargisme, dy't hy foarstie, eigentlik in aparte foarm fan it liberalisme is.
Constandse wie in grut bewûnderer fan de skriuwer Multatuli.
Fierder hat er noch wurke foar it Humanistysk Ferbûn, De Vrije Gedachte, De Gids, De AS, De Vrijdenker, Verstandig Ouderschap, it tydskrift fan de NVSH en Mens en Wereld. Yn de lêste jierren fan syn libben wie syn kreakjende stim hast alle wiken te hearren yn de radio-útstjoering Het Gebouw fan de VPRO, wêryn't er him yn syn kommintaren hieltyd op en nij fûleinich fersetten bleau tsjin oarloch, kapitalisme, kolonialisme, ymperialisme en fral de bûtenlânske polityk fan de Feriene Steaten. Nei de fan de Feriene Steaten late coup en delfal yn 1973 fan de regearing Salvador Allende fan Sily dôve syn fjoer en waarden syn kommintaren synysker en pessimistysker.
Constandse skreau totaal 5000 artikelen, hold 2750 lêzingen en skreau 40 boeken, wêrfan't it lêste postúm yn 1985 ferskynde ûnder de titel Een ongewenste gast, dat rjochte wie tsjin de besite fan de doetiidske paus oan Nederlân.
Sitaten
bewurkje seksje- "De wereld wordt geregeerd door dwazen, en de dwazen worden geregeerd door angst."
- "De organisatie van een 'romp-Europa', een verminkt werelddeel dat zwaar bewapend is, en ook nog afhankelijk van de Verenigde Staten, zulk een karikatuur van een Europese federatie moet dan worden verkocht in een campagne voor 'Europese verkiezingen' voor een quasi-parlement, dat op zijn beurt weer een aanfluiting is van de burgerlijke democratie." (yn De AS, 1978)
Literatuer
bewurkje seksje- Anton Constandse - Leven tegen de stroom in, fan Bert Gasenbeek, Rudolf de Jong, Pieter Edelman, 1999, útjouwerij Papieren Tijger - Breda en útjouwrij It Humanistysk Argyf - Utert, ISBN 9067280992
- M. P. Betjes: Anton Constandse. Zijn anarchistische ideen en zijn plaats in de anarchistische jongerenbeweging gedurende het Interbellum. Doktoraalskripsje Universiteit fan Amsterdam.
- I. Heuff: Het anarchisme van Anton Constandse. De Haach 1981.
- R. de Jong: Anton Constandse en het Nederlands anarchisme. Yn: De Gids. 1985, siden 735–758.