Anton Molkenboer
Antonius (Antoon of Anton) Henricus Johannes Molkenboer (Ljouwert, 8 april 1872 – Haarlim, 10 maart 1960) wie in Nederlânsk keunstner. Hy wie skilder, glêsskilder, boekbânûntwerper, dekoraasjeskilder, (fan ynterieurs), tekener, grafysk foarmjouwer, teaterdekorateur en glêskeunstner. Hy wie in soan fan byldhouwer en tekener Willem Molkenboer en broer fan de keunstners Theo en Phemia Molkenboer.
Anton Molkenboer | ||
keunstner | ||
Anton Molkenboer, om 1938 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 april 1872 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 10 maart 1960 (87 jier) | |
stjerplak | Haarlim | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstner op ferskaat mêd, lektor | |
jierren aktyf | 1895-1956 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Syn oplieding krige er fan 1889 - 1892 oan de - troch syn heit oprjochte - Ryksnormaalskoalle foar Tekenûnderwizers yn Amsterdam.
Hy hat wurke yn de Feriene Steaten fan Amearika yn de perioade 1905 - 1910. Molkenboer wurke globaal fan 1895 - 1905 yn Amsterdam, yn De Haach fan 1910 - 1942 en yn Haarlim fan 1942 - 1960.
Op inisjatyf fan Jac. van den Bosch, H. Hana, K. van Leeuwen, W. Penaat en Antoon Molkenboer waard yn 1904 de Nederlandsche Vereeniging voor Ambachts- en Nijverheidskunst V.A.N.K. oprjochte. Hjiryn ferienen har de keunstniverders fan Nederlân dy't foar dy tiid oansluten west hiene by skilders- of arsjitektenferienings.
Sa om 1900 stie yn in ferhúsberjocht fan de drukkerij Ipenbuur & Seldam yn Amsterdam: Wij verbonden aan onze inrichting twee bekende kunstschilders de Heeren Th. en Antoon Molkenboer die zich bereid verklaarden voor het ontwerpen van aanplakbiljeten, diploma's, boekillustraties, show-cards, adreskaarten, briefhoofden en wat dies meer zij, zoodanig te maken dat hun teekeningen voor reproductie op steen of voor den boekdruk geschikt zijn.
Under filatelisten is Molkenboer benammen bekend fan de trije opfolgjende searjes bernepostsegels, yn de jierren 1925, 1926 en 1927, wêryn hy de wapens fan de destiidske 11 provinsjes ferwurke yn symboalyske foarstellings út de natoer.
Kar út syn wurk
bewurkje seksje-
Monumint foar Albert Vogel sr. op it Frederik Hendrikplein yn De Haach (ûntwerp Antoon Molkenboer)
-
Bernesegels 1927 neffens ûntwerp fan Anthoon Molkenboer
-
Ynterieur fan it Majestic Theatre yn Los Angeles, 1908
-
Majestic Theatre, 1908
-
Majestic Theatre, 1908
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee oer libben en wurk fan Anton Molkenboer
- In bloch oer Anton Molkenboer
- RKD, biografyske gegevens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|