Anton Schotanus
Anton Schotanus (Ljouwert, 4 jannewaris 1943) is in Nederlânske learaar en dammer dy’t lid is fan Damclub Huizum. Hy is yn it besit fan de titels FMJD Master en Nasjonaal Master.
Anton Schotanus | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 4 jannewaris 1943 | |
berteplak | Ljouwert | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen | |
ekstra | WK Korrespondinsjedamjen | |
wichtige prestaasjes | ||
9x Frysk Kampioen 41 kear clubkampioen |
Damjen
bewurkje seksjeDoe't er 13 jier wie waard Schotanus lid fan de damclub yn Huzum. Yn 1965 waard er al studintekampioen damjen fan Nederlân. In jier letter wûn er ek it Turkstra-toernoai yn Ljouwert, wêryn’t er damtalinten út dy tiid lykas Ton Sijbrands en Harm Wiersma foarbleau. Neidat er yn 1961 foar de earste kear clubkampioen fan Huzum wurden wie, krige er dy titel yn 2024 foar de 41e kear. [1]
Schotanus waard Frysk kampioen yn 1985, 1987, 1988, 1992, 1993, 1994, 1998, 2003 en 2008 en naam diel oan it Nederlânske kampioenskip damjen yn 1968, 1971, 1972, 1975, 1988 en 1989. Hy makke spesjaal namme yn it korrespindinsjedamjen. Dêryn waard er 1965, 1984 en 1987 Nederlânsk kampioen en yn 1988 wrâldkampioen.
Schotanus fersloech yn syn karriêre wrâldkampioenen as Ton Sijbrands, Harm Wiersma, Jannes van der Wal en Anatoli Gantwarg. Fierders helle er top tsien-klassearingen yn tsientallen ynternasjonale toernoaien.
Hy is 25 jier at er syn debút makket yn it Nederlânsk kampioenskip en amper in jier letter treedt er as jeugdlieder ta oan it haadbestjoer fan it bûn. 'Ik fûn dat ik neist it damjen ek wat oan de organisaasje dwaan moast'. Mei-âld wrâldkampioen Piet Roozenburg sette er doe in kaderoplieding yn de steigers. Tusken 1989 en 1998 wie hy foarsitter fan it Dambûn.
Learaar
bewurkje seksjeNei de Ryks-HBS studearre Schotanus Dútsk oan de Ryksuniversiteit Grins en helle dêrby de ûnderwiisakten. Oant syn pensjoen yn 2004 wie er yn deistich libben learaar Dútsk oan de Ryksskoallemienskip yn It Hearrenfean. Ien fan syn learlingen wie Jannes van der Wal. Op skoalle wurke hy in soad mei de saneamde Delftske Metoade. By dy metoade wurdt de taal op in natuerlike manier leard.
Nei syn pensjoen helle Schotanus yn 2008 syn masterbul Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Referinsje |