Antonie Ewoud Jan Holwerda

Antonie Ewoud Jan Holwerda (Gorinchem, 21 july 1845 - Leien, 29 augustus 1922) wie in Nederlânske heechlearaar yn de archeology en de Grykske Aldheden oan de Ryksuniversiteit Leien.

Antonie Ewoud Jan Holwerda
Antonie Ewoud Jan Holwerda.
Antonie Ewoud Jan Holwerda.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Antonie Ewoud Jan Holwerda
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 july 1845
berteplak Gorinchem
stoarn 29 augustus 1922
stjerplak Leien
wurkpaad
berop/amt heechlearaar archeology

Holwerda studearre fan 1863 oant 1869 oan de Ryksuniversiteit Utert en wie efterelkoar learaar oan de HBS yn Schiedam en Leien. Hy promovearre yn 1878 cum laude op het proefskrift Specimen literarium continens disputationem de dispositione verborum in lingua Graeca, in lingua Latina et apud Plutarchum, cui accedunt commentarioli in libros de Iside et Osiro et de genio Socratis. Yn 1896 waard er heechlearaar yn de Alde Skiednis en de Archeology yn Leien. Boppedat wie er fan 1905 oant 1918 direkteur fan it Ryksmuseum fan Aldheden (RMO) dêre. Hy pykte der út as dosint en as skriuwer droech er by oan de fakliteratuer mei tal fan wittenskiplike bydragen. Hy skreau ûnder mear grutte en lytsere ferhannelingen oer de keunst en de godstsjinst fan de âlde folken, yn it Nederlânsk, Latyn en Dútsk. Hy wie lid fan de KNAW [1]

Holwerda troude 1872 yn Gouda mei Neeltje Jonkheid (1851-1892). Harren soan Jan Hendrik Holwerda waard ek archeolooch en folge him op as direkteur fan it RMO. Hy troude fannijs mei Carolina Louisa Albertina Jongkindt Coninck (1 novimber 1849-juny 1911).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Het Rijksmuseum van Oudheden te Leiden en zijn directeur. Prins der Geïllustreerde Bladen, 1907, s. 181-182.
  1. www.dwc.knaw.nl A.E.J. Holwerda