Jan Hendrik Holwerda

Jan Hendrik Holwerda (Schiedam, 3 desimber 1873 - Nimwegen, 3 maart 1951) wie in Nederlandsk archeolooch en museumdirekteur.

Holwerda (ûnder it krúske) yn Amsterdam (1928)

Holwerda, soan fan de heechlearaar archeology Antonie Ewoud Jan Holwerda, studearre klassike talen oan de Universiteit Leien. Hy waard 1904 beneamd ta konservator fan de ôfdieling Nederlânske âldheden fan it Ryksmuseum fan Aldheden (RMO), en dêrnei hied er de lieding oer ferskate Archeologyske opgravings. In staazje yn 1905 by de Dútske argeolooch Carl Schuchhardt betsjutte in kearpunt foar Holwerda. By in opgraving fan in Romeinsk castellum waard nammentlik foar 't earst systematysk socht net grûnferkleuringen, wichtige tekens fan folslein fergiene bouöerbliuwsels. Holwerda brocht dy nije archeologyske ûndersyksmetoade mei nei Nederlân en yntrodusearre ek it sykjen nei pealgatten by de opgraving dêr't er by belutsen wie.

Yn 1910 waard er yn Leien beneamd ta lektor yn de prehistoaryske- en Romeinske archeology. Nei't Holwerda teffens yn 1910 ûnderdirekteur fan it RMO wurden wie, folge er yn 1919 syn heit, dy't it ynstitút fan 1896 oant 1918 late, op as direkteur. Popularisearring wie neffens him de manier om it publyk by de argeology te belûken en sadwaande it belang dêrfan dúdlik te meitsjen. Oant syn pinsjoen yn 1939 bleau er de baas fan it RMO. Njonken dat wie er fan 1935 oant 1948 direkteur fan archeologysk Museum Kam yn Nijmegen.

Bekende ûndersiken

bewurkje seksje

Yn 1909 ûndersocht Holwerda de De Huneskâns by Uddel en 1916 late er in archeologyske opgraving yn de Huneboarch yn Twinte. Yn 1914-1921 die er ûndersyk nei Romeinsk Nimwegen en 1925-1930 wie er belutsen by opgravingen by Dorestêd, it Wyk by Duerstede fan no.

Om 1912 hinne ûntstie der skeel tusken Holwerda en syn assistint, de lettere Grinzer heechlearaar Albert van Giffen oer opgravingsmetoden. Hoewol't Van Giffen goede resultaten berikte mei syn kwadrantemetoade by ôfgraven fan grêfhichten, wêrby't in goed byld fan de stratigrafy ûntstie, hold Holwerda fêst oan syn slûvemetoade. Dêrtroch bleau er by syn konlúzjes mear romte foar spekulaasje, yn tsjinstelling ta de Grinzer resultaten. Nettsjinsteande de bemuoiïng fan de doetiidske minister-presidint Cort van der Linden kaam it net wer goed tusken de mannen.

Bibliografy (in kar)

bewurkje seksje
  • De Holdeurn bij Berg en Dal: centrum van pannenbakkerij en aardewerkindustrie in den Romeinschen tijd (1946) útjouwerij Brill, Leien (mei Wouter Cornelis Braat)
  • Het in de pottenbakkerij van de Holdeurn gefabriceerde aardewerk uit de Nijmeegsche grafvelden (1944) útj. Brill, Leien
  • Het laat-Grieksche en Romeinsche gebruiksaardewerk uit het Middellandsche-zee-gebied in het Rijksmuseum van oudheden te Leiden (1936)
  • Een vondst uit den Rijn bij Doorwerth en Romeinsche Sarcophaag uit Simpelveld (1931)
  • Dorestad en onze vroegste middeleeuwen (1929) útjouwerij Sijthoff, Leien
  • Geschiedkundige atlas van Nederland (1924) útjouwerij Nijhoff, 's-Gravenhage (yn 'e mande meis Petrus Johannes Blok)
  • Arentsburg : een Romeinsch militair vlootstation bij Voorburg, (1923) útjouwerij f/h E.J. Brill, Leien
  • Nederland's vroegste geschiedenis (1e printinge 1918) útjouwerij Van Looy, Amsterdam
  • Een woerd te Rijswijk (gem. Maurik) : opgraving van eene Bataafsche nederzetting (1917) útj. Quint, Arnhim
  • Die Niederlande in der Vorgeschichte Europa's: Ausgrabungen und Studien (1915) útj. Brill, Leiden
  • Nederland's vroegste geschiedenis in beeld: oudheidkundige platen-atlas (1912) útj. Van Looy, Amsterdam
  • De ontwikkeling der praehistorisch-romeinsche archaeologie (1910) útj. Van Doesburgh, Leien (iepenbiere les yn Leien)
  • Nederland's vroegste beschaving: proeve van een archaeologisch systeem (1907) útjouwerij Brill, Leien (mei yllustraasjes fan syn frou Petronella Nicolette Holwerda-Jentink)
  • Leerboek der oude geschiedenis: voor de hoogere klassen der gymnasia (1903) útjouwerij Van Doesburgh, Leien (tegearre mei A. Zeehe)
  • Hellas en Rome: Grieksche en Romeinsche archaeologie (1900) útj. Van Doesburgh, Leien (mei foaropwurd fan syn heit Antonie Ewout Jan Holwerda)
  • Quaestiones de re sepulcrali apud Atticos (1899) útjouwerij Brill, Leien (proefskrift)
  • Biografie en bibliografie van dr. J. H. Holwerda, Johannes Ayolt Brongers en W.C. Mank, 1977, 28 s., ROB - Amersfoort, ISSN 0923-702X

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: