Antonius Sikehûs

(Trochferwiisd fan Antoniussikehûs)

It Antonius Sikehûs is sûnt 1994 it sikehûs fan Snits en de Súdwesthoeke. It is de nijbou fan it eardere Sint Antonius Sikehûs, dat al sûnt 1903 bestie. De opset by de bou fan it sikehûs wie dat it mûglik wêze moast it fierder út te wreidzjen, en dat is dan ek al ferskate kearen bard. It Antonius Sikehûs makket (it foarnaamste) diel út fan 'e Antonius Soarchgroep.

Antonius Sikehûs
Antonius Ziekenhuis
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Boalserterbaan 1
koördinaten 53°02′07″N 5°38′35″E
bysûnderheden
type algemien sikehûs
streaming sekulier (foarh. roomsk)
diel fan Antonius Soarchgroep
bêden 300
skiednis
oprjochting 1994
fuortk. út Sint-Antonius Sikehûs
gebou
namme gebou Antonius Sikehûs
boujier 1993-1994
boustyl modern
offisjele webside
www.antonius-frl.nl
kaart
Antonius Sikehûs (Snits)
Antonius Sikehûs
Lokaasje yn Snits.

It sikehûs stribbet altiten nei kwaliteitsferbettering. Sa wie it Antonius Sikehûs yn april 2007 neffens in ûndersyk fan it Nivel en de Frije Universiteit it meast feilige sikehûs fan Nederlân. Ek hat it sikehûs 5 april 2007 it Karmerk Feilich Iten hân. It Antonius Sikehûs besiket fierder ûnder oaren de tiid dy't de pasjint twongen wurdt yn it sikehûs troch te bringen sa koart as mûglik te hâlden. Dit hâldt yn dat ferskate hannelings no poliklinysk dien wurde dêr't de pasjint oars foar yn it sikehûs lizze moast.

Sûnt 1994 stipet it sikehûs it Mwambani Hospitaal yn Tanzania.

Keppeling om utens

bewurkje seksje