Apollinariskirche (Remagen)
De Apollinaristsjerke is in katolike tsjerke op de Apollinarisberg by de stêd Remagen, Dútslân .
Apollinaristsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Ahrweiler | |
plak | Remagen | |
koördinaten | 50° 34' N 7° 13' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Trier | |
patroanhillige | Apollinaris fan Ravenna | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Ernst Friedrich Zwirner | |
boujier | 1839-1857 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
apollinariskirche.de | ||
Kaart | ||
Foargongers
bewurkje seksjeOp it plak stie ea in romeinske timpel. Yn de 5e en 6e iuw waard de heuvel Martinusberg neamd om't der nei alle gedachten in Frankyske kapel stie dy't oan Sint-Martinus wijd wie, de patroan fan de Franken. Yn de 9e iuw waard dy kapel troch in romaanske tsjerke ferfongen.
Yn 1110 waard troch benediktinen fan de Sint-Michaelsabdij yn Siegburg in proasdij oprjochte. Tsjin it ein fan de 14e iuw waarden reliken fan de hillige Apollinaris nei Remagen brocht, dy't in soad pylgers opleveren. Wis is dat de Apollinarisberg sûnt 1384 in beafeartsplak wie. De sarkofaach yn de krypte fan de tsjerke mei dêryn de reliken stamt út de 14e iuw.
Hjoeddeiske tsjerke
bewurkje seksjeYn de Frânske tiid waard de benediktynske proasdij opheft. Twa bruorren kochten de grûn mei de gebouwen yn 1807 op, dy't it yn 1836 trochferkochten oan greve Franz Egon von Fürstenberg-Stammheim. Syn plan om de âlde tsjerke mei nije beskildering te fersieren mislearre om 't de tsjerke te brekfallich wie, sadat it beslút nommen waard om it gebou ôf te brekken.
De greve frege oan de út Düsseldorf ôfkomstige arsjitekt Ernst Friedrich Zwirner in ûntwerp te meitsjen foar nijbou. Ynearsten makke de arsjitekt in neoromaansk ûntwerp, mar dy styl waard yn roomske Remagen te protestantsk beöardiele. Dêrom frege de opdrachtjouwer foar in nij ûntwerp yn de mear katolike neogoatyske styl.
De earste stien waard op 22 july 1839 lein en op 24 maart 1857 waard de tsjerke ynwijd. Leden fan de Nazareners, in romantysk-religieuze streaming yn Dútslân, beskilderen it gebou.
Remagen waard troch de Ludendorffbrêge oer de Ryn yn de Twadde Wrâldkriich slim troffen troch it oarlochsgeweld. De tsjerke bleau sparre, mar in V2-raket dy't yn de omjouwing ynsloech skansearre de dakken en ramen fan de tsjerke en it kleaster. De reparaasjes fûnen pas yn 1947 plak, sadat focht de fresko's slim oanstaaste. De Fransiskanen stelden yn de kriichstiid harren gebouwen beskikber as skûlplak foar de befolking fan Remagen.
Tusken 25 maart 1857 oant 31 desimber soargen Fransiskanen foar de Apollinaristsjerke. Sûnt 2007 naam de Nederlânske oarder fan de Mienskip fan de krusige en ferrezen Leafde út Maastricht it behear fan de tsjerke oer. Yn 1972 waarden de âlde kleastergebouwen ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. Sûnt 1985 waard de tsjerke stadichoan restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Apollinariskirche (Remagen).
|