Apolloflinter
Apolloflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() Klasse= Ynsekten (Insecta) | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Parnassius apollo |
De Apolloflinter (Parnassius apollo) is in soarte yn it skaai fan de Parnassius.
FoarkommenBewurkje
Yn Nederlân is de flinter fjouwer kear sjoen. It is dan ek in hiele seldsume flinter yn Nederlân. De flinter hâldt fan geberchten. It is in honkfêste soarte.
FleantiidBewurkje
De flinter fleant fan begjin juny ôf oant ein july. Fleant altyd yn 1 generaasje.
De flinterBewurkje
De flinter hat syn namme te tankjen oan de Grykske god Apollo. Apollo is ûnder oare de god fan it ljocht. De wjuk is ljocht en dêrfan de namme. De wjuklingte is likernôch 34 oant 40 mm.
De rûpBewurkje
De rûp kin 50 mm lang wurde. It liif is swart en is bedutsen mei lytse swarte wartsjes. Op de side hat de rûp grutte en lytse oranje plakjes. De rûpen binne aktyf as de sinne skynt; skynt de sinne net dan sitte se ferskûle ûnder stiennen. De rûp groeit yn it foarjier en yn 'e foarsimmer.
De rûp fret fan wyt himellof.
ÔfbyldingsBewurkje
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
- Wikisoarten-side - Apolloflinter (Parnassius apollo).