Archip Kûindzji

(Trochferwiisd fan Archip Koeindzji)

Archip Ivanovitsj Kûindzji (Mariûpol, 27 jannewaris 1841 - Sint-Petersburch?, 11 july 1910) wie in Russysk keunstskilder, dy't him spesjalisearre yn lânskippen. Hy hearde by de streaming fan de de Swalkers.

Archip Kûindzji. Portret troch Viktor Vasnetsov.

Kûindzji wie de soan fan in earme Grykske skuonmakker. Syn jeugd hold er lykwols fral ta yn Taganrog. Doe't er 6 jier wie ferstoaren syn âlden en moast er troch de tiid komme as harder en hie er baantsjes yn winkels en holp er by de bou fan de nije tsjerke. Fan 1860 oant 1865 hat er wurke yn in fotostudio yn Taganrog. Yn 1865 waard er learling fan Ivan Aivazovski, mar yn 1866 ferfear er nei Sint-Petersburch, doe't it him net slagge om sels in fotostudio te begjinnen.

Hy wie yn 't foarste plak autodidakt, mar nei 1868 krige er ek lessen op de Keizerlike Akademy fan Skiene Keunsten. Yn dy snuorje sleat er him oan by De Swalkers. Yn 1872 begûn er foar himsels en dat jier kocht Pavel Tretjakov foar it earst in skilderij (Op it eilân Valaam) fan Kûindzji. Yn 1873 die Kûindzhi mei oan de Ynternasjonale Keunst Tentoanstelling fan 1874 yn Londen. Hy krige in brûnzen medalje foar syn ynbring: De Snie.

Yn in lettere peroade begûn er te eksperimintearjen mei beljochting fan- en de hichte fan de kym yn syn lânskippen. Goede foarbylden dêrfan binne Nacht op de Dnjepr en It bjirkebosk. Yn 1892 waard er professer oan de Keizerlike Akademy foar Skoandere Keunsten en yn 1893 folslein lid. Yn 1894 kaam er oan it haad te stean fan de ôfdieling Lânskipsskilderjen, mar yn 1897 krige er dien út reden fan syn stipe oan in studinteopstân.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Archip Iwanowitsch Kuindshi fan Wikimedia Commons.