Arend Kuiper
Arend Kuiper (Seisbierrum?, 1965?) is in Fryske krêftsporter út Seisbierrum.
Doe't Arend 23 jier âld wie wûn er yn 1988 yn de WZS-sporthal yn Snits de titel Sterkste Man fan Fryslân. Hy treende wol 20 oeren wyks. Ien fan de ûnderdielen wie 'sword- en shieldlifting'. Dielnimmers moasten in replika fan it swurd fan Grutte Pier fan 6,6 kilo sa lang mooglik mei de earms rjochtút foar har út hâlde. Oare ûnderdielen wiene frachtweinlûke, beamstamtillen en in bierfettenrace. By de huldiging wie ek de Blauhúster Dakkapel.
Wout Zijlstra waard twadde en Gerben Erfmann fan Harns tredde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|