Arie Oostlander
Arie Marinus Oostlander (Oude Wetering, 28 maart 1936 – Doetinchem, 21 april 2019) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de ARP en it CDA. Tusken 1989 en 2004 wied er lid fan it Europeesk Parlemint.
Wurkpaad
bewurkje seksjeOostlander studearre psychology oan de Frije Universiteit Amsterdam en wurke dêr oant 1975 ek. Hy wie aktyf yn de lokale en regionale polityk út namme fan de ARP. Yn juny 1975 waard er direkteur fan de Dr. Abraham Kuyperstichting, it wittenskiplik buro fan de ARP, en yn 1980 oant juny 1989 fan it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA. Hy om 1989 hinne ek lid fan it deistich bestjoer en it partijbestjoer fan it CDA. Tusken 25 july 1989 en 20 july 2004 wie Oostlander lid fan it Europeesk Parlemint. Hy wie dêr benammen dwaande mei de útwreiding fan de Europeeske Uny (foaral fan it belûken fan de Balkanlannen by de Uny) en in grut foarstanner fan it Ferdrach fan Maastricht.[1][2] By syn ôfgean yn 2004 presintearre er syn ôfskiedsboek mei de titel Leven in dromen van gisteren.
Oostlander stoar yn de âldens fan 83 nei in langduorjende slepende sykte[3].
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|