Wittenskiplik buro
In wittenskiplik buro is in mei in Nederlânske politike partij ferbûne tinktank.
At in lanlike politike partij yn de Twadde Keamer of Earste Keamer fertsjintwurdige is, krijt sy subsydzje spesjaal foar in wittenskiplik buro. De hichte fan dy subsydzje hinget fan it tal Twadde Keamerleden fan de partij ôf. Sa'n wittenskiplik buro moat wol in ûnôfhinklike stifting wêze. Wittenskiplike buro's bestean fan 1945 ôf.
In wittenskiplik buro is een tinktank, dêr't de partij nije ideeën helje kin. It buro bringt meast in blêd út dêr't it ynterne debat yn hâlden wurdt, analyses makke wurde of útstellen foar konkrete problemen dien wurde en spylje faak in rol by it meitsejn fan nije ferkiezingsprogramma's of begjinselprogramma's.
Wittenskiplike buro's binne ek kweekfivers foar polityk talint. Jan Peter Balkenende arbeide foar it wittenskiplike buro fan it CDA. Joop den Uyl wie direkteur fan it buro fan de PvdA. Femke Halsema en Ayaan Hirsi Ali hawwe wurke foar it wittenskiplik buro fan de PvdA. André Rouvoet foar dy fan de RPF. Arjan Vliegenthart is Earste Keamerlid foar de SP en direkteur fan it wittenskiplik buro. Jozias van Aartsen wie direkteur fan de Teldersstichting, it wittenskiplik buro fan de VVD.
Yn Belgje is de stúdzjetsjinst fan in partij te fergelykjen mei in Wittenskiplik buro.