De Arkens is in spinnekopmûne yn Frjentsjer. It mûntsje waard foar 1827 noardlik fan de yn 1842 ôfbrutsen pleats fan Sybren Jans Teernstra boud foar de wetterhûshâlding fan in likernôch 40 hektare grutte polder. Alhoewol't de mûne de Hollânsktalige namme draacht fan Erkens, hat de mûne net yn dat buorskip stien mar súdlik dêrfan.[2] Sûnt 1967 is de spinnekop in ryksmonumint.

Arkens (mûne)
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Van Andel-Ripkestrjitte 31
koördinaten 53° 12' N 5° 43' E
bysûnderheden
type mûne Spinnekop
funksje ferfarsket it wetter fan fivers
oarspr. gebrûk Poldermûne
flecht 11,24 meter
boujier 1827 (of noch earder); weropbou 1973
oare ynformaasje
eigner Stifting Monuminten Waadhoeke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15710 [1]
Webside
Stifting Monuminten Waadhoeke
Kaart
Arkens (Fryslân)
Arkens
It lizzen fan de fundearing op it nije plak

Bysûnder binne de sûnt 1910 tapaste flinterwjukken fan 'e mûne. De flinterwjuk is in útfining fan mûnemakker Westra út Frjentsjer en in wjuktype dat fierder net yn Nederlân fûn wurdt. Allinne De Rôt yn Drylts hat noch in skoftke flinterwjukken hân, mar dy waarden al yn de jierren 1930 ferfongen.[3] De Arkens stiet op in achthoekige ûnderbou en is yn Fryslân ien fan de fiif spinnekoppen mei sa'n ûnderbou.

Fanwegen nijbou yn de polder Arkens ferhûze de mûne yn 1973 út syn oarspronklike polderbiotoop nei de hjoeddeiske lokaasje oan de râne fan 'e wyk (Van Andel-Ripkestrjitte). Dêr krige de spinnekop in funksje by it ferfarskjen fan in pear fivers. By de weropbou waard de selsswichting net mear hersteld, mar krigen de wjukken âld-Hollânsk hekwurk.

Eigner fan de mûne is de Monumintestifting Waadhoeke, dy't de mûne yn 2021 restaurearje liet.[4] By dy lêste restauraasje waarden de wjukken yn de oarspronklike steat werombrocht. De mûne krige wer selsswichting, wylst nei de restauraasje allinne de binnenroede flinderwjukken hat. De Arkens hat in flecht fan 11,24 meter.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: