Arthur Rackham

(Trochferwiisd fan Arthur Rackman)

Arthur Rackham (Londen, 19 septimber 1867 - Limpsfield, Surrey, 6 septimber 1939) wie in Ingelsk tekener, skilder en yllustrator fan boeken.

Selsportret, 1934

Arthur kaam út in húshâlding fan tolve bern. Doe't er 18 wie gie er oan 'e gong as kantoarman by de Westminster Fire Office en sette út ein mei in keunststúdzje oan de Lambeth School of Art. Yn 1892 joech er syn baan oer en waard er ferslachjouwer en yllustrator foar de The Westminster Budget. De earste boekyllustraasjes fan syn hân waarden 1893 publisearre yn de The Dolly Dialogues. Hy soe syn hiele libben boekyllustrator bliuwe.

Rackam boaske yn 1903 mei Edyth Starkie; sy krigen in dochter, Barbara (1908). Rackham wûn in gouden ûnderskieding op de Milan International Exhibition yn 1906 en noch ien op de Barcelona International Exposition yn 1911. Arthur Rackham stoar yn 1939 oan kanker yn syn hûs yn Limpsfield, Surrey.

Arthur Rackham syn wichtichst wurk binne de yllustraasjes by de Fairy Tales of the Brothers Grimm (1900), Rip van Winkle (1905), Peter Pan in Kensington Gardens (50 kleurde platen) (1906), en Alice's Adventures in Wonderland (13 kleurde platen) (1907), A Midsummer Night's Dream (40 platen) (1908), Undine (15 platen) (1909), de tekst foar Richard Wagner syn operasyllus Der Ring des Nibelungen ("The Ring of the Nibelung") (mei 34 kleurde platen foar The Rhinegold & The Valkyrie (1910) en 32 kleurde platen foar Siegfried & The Twilight of the Gods (1911) en tal fan oare boeken. In oare klassiker, mei 11 tekeningen fan Rackham nei situaasjes yn stikken fan William Shakespeare, is in edysje foar de jongerein fan Mary en Charles Lamb: Tales from Shakespeare.

Yllustraasjes by de 'Ring' fan Wagner

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Ofbylden fan Rackam syn wurk:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arthur Rackham fan Wikimedia Commons.