Arundel Castle is in grut kastiel oan de rivier Arun yn it Ingelske plak Arundel yn it greefskip West Susseks. It kastiel is ien fan de bêst bewarre midsiuwske kastielen en ien fan de meast ymposante boargen fan Grut-Brittanje.

It kastiel fan Arundel
 
De "keep", it âldste diel fan it kastiel

De âldste dielen fan it kastiel binne de kearn, in opsmiten heuvel mei it oarspronklike kastiel út 1068 dêr't de eallju wennen, en it poartehûs út 1070.

Yn de Ingelske Boargerkriich (1642-1645) waard it kastiel twaris belegere. De earste kear troch de royalisten, dy't it kastiel iennamen en de twadde kear troch Cromwell's troepen ûnder lieding fan William Waller. De skea dy't it kastiel ûndergien hie waard pas fanôf 1718 wer yn oarder makke.

It hjoeddeiske oansjen is benammen it risseltaat fan in yn 1900 foltôge restauraasje yn opdracht fan Henry, de 15e hartoch fan Norfolk.[1]

It slot waard yn de 11e iuw yn de tiid fan de Edward de Belider as in typyske fêsting mei kantelen en ophelbrêgen boud foar Roger II de Montgomery, dy't by de graasje fan Willem de Oermasterer de earste greve fan it earldom fan Arundel waard. Roger wie in neef fan Willem en wylst Willem yn Ingelân wie bleau Roger yn Normandje om dêr de rêst te bewarjen. Willem beleanne him foar syn trou mei in soad grûn yn Ingelân, dêrûnder ek dielen fan Susseks. Nei de dea fan Roger gyng ûnder Hindrik I it kastiel wer oer yn hannen fan de Kroan.

 
It kastiel yn 1840

Nei it ferstjerren fan Hindrik I krige syn twadde frou Adeliza of Louvain it kastiel mei de dêrby hearrende grûn yn har besit. Hja troude trije jier letter mei Willem d'Albini II, dy't de grêft mei in stiennen kaai liet fersterkje. Nei't de manlike line yn 1243 útstoar, kamen it kastiel en de titel troch houlik mei Isabel d'Aubigny yn hannen fan John FitzAlan. Oant 1580 bleau it ûnûnderbrutsen yn it besit fan it Hûs FitzAlan.

Troch it houlik mei de dochter fan de 19e earl fan it Hûs FitzAlan kaam it kastiel yn hannen fan Thomas Howard, 4de hartoch fan Norfolk. Thomas Howard wie protestantsk grutbrocht, mar troude katolike froulju en liet syn bern ek katolyk grutbringe. Keninginne Elizabeth I liet Thomas Howard finzen sette fanwegen syn plannen om mei Mary Stuart te trouwen, keninginne fan de Skotten. De yntriges tsjin de keninginne waarden Thomas Howard lang om let needlottich en yn 1572 waard er eksekutearre. Syn soan Philip Howard soe letter fertocht wurde fan ferried troch belutsenens by it Trockmorton-komplot. Ingelske katoliken wiene fan doel Elizabeth te deadzjen om se te ferfangen troch Mary Stuart. Hy besocht út te piken nei it bûtenlân, mar waard ferred en arrestearre doe't it skip al de haven fan Littlehampton útfearn wie. Hy ferstoar yn de Tower fan Londen en waard yn 1972 troch paus Paulus VI as martler hillich ferlearre. De Kroan liet beslach lizze op de besittings fan it katolike Hûs Howard, mar de erfgenamen krigen de besittings letter werom. Sûnt bleau it kastiel yn besit fan de famylje Howard, dy't dêr oant de dei fan hjoed noch jimmeroan wennet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Arundel Castle


Keppeling om utens