Assiniboine (rivier)
De Assiniboine is in rivier fan 1.070 kilometer lingte dy't troch de Kanadeeske provinsjes Saskatchewan en Manitoba streamt. De Assiniboine rint fan har boarne, op 640 meter boppe seenivo, yn Saskatchewan nei it súdeasten oant sy yn de stêd Winnipeg gearrint mei de Red Rivier op 230 m boppe seenivo. It streamgebiet beslacht 182.000 km².
De rivier hat har namme te tankjen oan it folk Assiniboine, in yndianestam út de grinsstreek fan Kanada en de Feriene Steaten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Assiniboine River fan Wikimedia Commons. |