Assuerus Vegelin fan Claerbergen
Jhr. Assuerus Vegelin fan Claerbergen, (25 juny 1687 - 13 maart 1771) wie kolonel fan in rezjimint ynfantery. Hy wie de broer fan Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen.
Op 9 juny 1731 troude hy mei Alexandrina Eleonora van Plettenberg, widdo fan Allard fan Boerum, grytman fan Ferwerderadiel en hie gjin bern. Hja ferstoar op 22 novimber 1743.
Op 4 febrewaris 1739 folge hy syn broer op as grytman fan Haskerlân. Yn 1748 wie hy mei-kommitearde út de steaten om it diploma oan de prins fan Oranje oer te langjen. Hy die yn 1749 ôfstân fan de gritenij.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |