August Eduard Zimmerman

August Eduard Zimmerman (Amsterdam, 13 septimber 1861 - Felp, 30 desimber 1926) wie in Nederlânske boargemaster.

August Eduard Zimmerman
politikus
Zimmerman om 1900 hinne
Zimmerman om 1900 hinne
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum 13 septimber 1861
berteplak Amsterdam
stjerdatum 30 desimber 1926
stjerplak Felp
Boargemaster fan Hoarn
amtsperioade 1891-1904
Boargemaster fan Ljouwert
amtsperioade 1904-1911
Boargemaster fan Sutfen
amtsperioade 1911-1917

Libben en wurk

bewurkje seksje

Zimmerman waard berne yn Amsterdam as soan fan Johan Carl Zimmerman - keapman en meiredakteur fan De Gids - en Suzanna Jacoba Vrolik. Hy wie in broer fan de politikus Alfred Rudolph Zimmerman. Hy gie by de marine en waard luitenant op see. Oer syn tochten nei East-Ynje skreau er artikelen dy't yn Eigen Haard publisearre waarden.

Nei syn ferloving mei Jacoba Elisabeth barones fan Rhemen (fan kastiel De Gelderske Toren), ferliet er de marine. Hy gie oan de slach as folontêr op de gemeentesekretary fan Brummen. It pear troude yn 1890.

Zimmerman waard yn augustus 1891 beneamd ta boargemaster fan Hoarn. Hy wie boppedat lid fan de Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân. Yn 1904 ferruile er it boargemastersamt fan Hoarn foar dat fan Ljouwert. Sân jier letter gie er nei de gemeente Sutfen.

Yn 1917 waard him, op syn fersyk, earfol ûntslach jûn .