Auke, útspr. [ˈaukə], is in algemien foarkommende Fryske jongesnamme. Oan 'e útgong op "-ke" te sjen, liket it derop dat it oarspronklik in ferlytsingsfoarm west hat, dy't him ûntjûn hat út 'e histoaryske foarm Auwe of Auwen. Neffens nammekundige Rienk de Haan (1943-2018) wie Auwe in tige ferkoarte foarm fan beskate Germaanske nammen, mooglik begjinnend mei Alf-, dat "ûnierdsk" of "natoergeast" bestjut.[1] De ekwivalinte Fryske famkesnamme is Aukje, dy't krektlyk noch in hiel soad foarkomt.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rienk de Haan, Fryske Foarnammen, Ljouwert, 2002 (Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 11 506, p. 35.
  2. Rienk de Haan, Fryske Foarnammen, Ljouwert, 2002 (Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 11 506, p. 35.