Auke Holtrop van der Zee

Auke Holtrop van der Zee, ek Aukebaes, (Drylts, 13 jannewaris 1854De Jouwer, 6 maart 1939) wie in Fryske skipsbouwer fan De Jouwer.

Libben en wurk bewurkje seksje

Auke wie de soan fan Eeltsje Holtrop van der Zee en Wytske Aukes Rinkema. Hy hie twa âldere susters, Klaaske an Antsje. Doe 't er twa jier wie ferhuze de húshâlding nei fan Drylts nei De Jouwer, dêr’t syn heit de skipshelling fan Hette Symons Geerts (Hettebaes 1793-1856) oan de Sylroede oernaam. Yn 1893 krige Auke de lieding fan de werf, mar syn heit Eeltsje hâlde oan’t syn dea yn 1901 it tafersjoch.

Yn 1900 naam Auke de werf oer fan syn doe 77-jierrige heit. Hy boude krektas syn heit sûnder passer, liniaal of begrutting, mar mei syn sechje Myn each is myn rij. Neidat Aukebaes yn 1901 ferstoarn wie waard op de werf útein set mei de bou fan izeren skippen. Nei de earste izeren pream folge yn 1902 it earste roefskip. Foar de werf wie dit in grut skip mei in lingte fan 15,33 meter. Yn 1908 begûn Aukebaas mei it skip De Gudsekop Voor den heer C. Walma, aardappelschipper alhier met roef en stuurstoel. Dit skip waard boud foar jirpelkeapman Rienk Walma fan De Jouwer dy 't der mei fan Berltsum nei Snits farde. Der soene mear as fyftjin fan dit type skip boud wurde. Yn 1910 boude de werf noch in skûtsje fan 16,41 meter foar Meinse Brouwer fan De Jouwer, mar dit wie de lêste fan alve stielizeren roefskippen dy ’t fan de helling kamen.

Auke boude ek motorjachten en in tal skippen roefpreammen, in skipstype lykas de Grinslanner bolskipkes. Boppedat waarden der noch altyd houten skippen boud. Neist in soad boeiers en in Frysk jacht, botters ek twa tsjotters. It snijwurk oan alle tsjotters en Fryske jachten fan nei ûngefear 1885 binne nei alle gedachten fan Auke. Yn de krisistiid gie de werf hieltiten fierder efterút. Doe ’t Auke yn 1939 yn earmoede ferstoar yn it hellinghûs waard de werf rêden troch de famylje De Jong, eigener fan Douwe Egberts. Yn 1940 waard de werf ferhierd oan de ‘alderwetse skipsbouwer’’ Johannes Hendriks van der Meulen en syn beide soannen Tjeerd (1908 -1994) en Johan (1909 - 1982). It wie eartiids de gewoante op Fryske hellingen om de namme fan in ôflevere skip op in plankje oan de timmerskuorre te hingjen. Van der Meulen fernijde de âlde ferware boerdsjes fan Aukebaas. [1]

De orizjinele werfboeken binne hast allegear eigendom fan de Ottema-Kingma Stichting en wurde bewarre yn it Ryksargyf yn Ljouwert. Ek binne in soad âlde rekkens, skipstekeningen en in list fan troch Auke boude skippen bewarre bleaun. Yn 1956 naam it Frysk Skipfeartmuseum en de stifting Stamboek Rûn en Platboaiemjachten’ grefstiennen op de grêven fan Eeltsjebaas en Aukebaas. Yn harren wite wenhûs by de helling waard in tinkstien oanbrocht.

Literatuer bewurkje seksje

  • E.E. Vroom – ‘’Vracht- en visserschepen gebouwd door Eeltje Holtrop van der Zee en Auke Holtrop van der Zee’’
  • De 'fjouwerachten' van Eeltje Holtrop van de Zee en Auke van der Zee, yn: Jierboek Frysk Skipfeart Museum en Aldheidkeamer (1973-1974), side 63-73

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: