Skûtsje de Gudsekop is in Fryske platboaiem dy't boud waard yn 1908. Bysûnder oan dit skûtsje fan 13,05 meter is dat der nea in moter yn sitten hat. It skûtsje is neamd nei it wetter Gudzekop. It skip is yn behear en ûnderhâld ûnderbrocht by in stifting. De Gudsekop wurdt simmerdeis brûkt foar ploechjesilen.
1934 - Ferkeap oan Snitser seeferkenners; it wurdt omdoopt ta "Gudsekop".
1959 - Skipper Ament stjert oan it helmhout nei in hertoanfal yn de Snitswike.
1960 - De Stichting Kamp- en Reiswerk foar Frijsinnich Kristlike Jeugd Sintrale keapet de Gudsekop.
1998 - De Gudsekop giet ûnder de stifting de Gudsekop selsstannich fierder.
2004 - De Fryske kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels lit de Gudsekop te wetter neidat it flak (de ûnderkant fan it skip) ferfongen en de roef restaurearre is.