Aus Greidanus sr.

Aus Greidanus sr. (folút: Ausonius Greidanus; Amsterdam, 19 febrewaris 1950) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur. Hy wurket út en troch ek as regisseur.

Aus Greidanus sr.
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ausonius Greidanus
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 febrewaris 1950
berteplak Amsterdam
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 1971 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Greidanus waard yn 1950 berne yn Amsterdam, as de soan fan Aad Greidanus (1923-2005), in toanielskriuwer en mei-oprjochter en saaklik lieder fan toanielselskip De Appel, en dy syn frou Cornelia Petronella de Haan (1926-1998). Hy folge syn oplieding ta akteur oan De Teäterskoalle yn Amsterdam.

Greidanus makke yn 1971 syn debút by Toanielgroep De Appel. Fan 1975 ôf is er fêst ferbûn oan dat toanielselskip, dêr't er yn 1999 artistyk lieder fan waard. It grutste part fan syn karriêre brocht er troch op it toaniel.

Yn 1974 spile Greidanus mei yn 'e harkspulrige De Koperen Tuin, nei de roman mei deselde namme fan Simon Vestdijk. Op 'e tillefyzje wied er û.m. te sjen yn De Avonturen van Pa Pinkelman en Tante Pollewop (1976-1977) en yn Mahagonny (1981-1982), en letter yn in gastrol yn 'e plysjesearje Baantjer. Ek fertolke er de rol fan Pieter Menten yn 'e dramasearje De Zaak Menten, út 2016.

Op it wite doek wie Greidanus te sjen yn 'e spylfilm Hoge Hakken, Echte Liefde, út 1981. Yn 2018 hied er in lytse rol yn histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de histoaryske persoan fan Redbad, kening fan 'e Friezen. Njonken syn aktearkarriêre wurket Greidanus út en troch ek as regisseur; sa regissearre er yn 2003 de foarstelling Clowns, yn it ramt fan it Festival De Parade.

Priveelibben

bewurkje seksje

Greidanus syn earste frou wie aktrise Sacha Bulthuis (1948-2009), mei wa't er twa bern krige: in soan, akteur Aus Greidanus jr. (1975), en in dochter, aktrise Pauline Greidanus (1976). Syn earste houlik einige lykwols yn in skieding. Mei aktrise Martine de Moor krige Greidanus yn 1991 noch in soan, akteur Kay Greidanus. Yn 2005 wertroude Greidanus mei aktrise en regisseur Saskia Mees.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: