Auschwitz

(Trochferwiisd fan Auschwitz-Birkenau)

Auschwitz wie it grutste ferneatigingskamp fan Nazi-Dútslân. It lei yn Poalen, ûnder it stedsje Auschwitz (Poalsk: Oświęcim), en is in symboal foar de Holocaust en foar de misdieden tsjin de minske. Op de Wannseekonferinsje, hâlden begjin 1942, waard troch de Dútskers besletten alle Joaden fan Jeropa te ferneatigjen en keazen om dat dwaan te litten yn de omkriten fan Auschwitz. De reden omdat dêr te dwaan wie in suver ekonomyske. De measte Joaden wennen yn it Easten en by Auschwitz lei in knooppunt fan spoarwegen. Fierders spile mei dat oan de Joaden fertsjinne wurde koe yn de tiid dat sy noch in libben wienen. Hja moasten arbeidzje yn de protte fabriken dy't yn de omkriten fan Auschwitz stienen.

Yngong Auschwitz-I mei tekst Arbeit macht frei
Kaart mei de trije haadkampen fan Auschwitz
Hongaarske joaden op it seleksjeperron fan Auschwitz, maaie 1944

Poalen waard yn 1939 oerweldige troch de Dútsers. Op 14 juny 1940 kamen de earste finzenen oan yn Auschwitz-I. It kamp waard letter útwreide mei Auschwitz II (Auschwitz-Birkenau) en Auschwitz III (Auschwitz-Monowitz). Yn de omkriten fan Auschwitz wienen noch 39 wurkkampen dy't by Auschwitz hearden.

Auschwitz-I wie it bestjoerlik sintrum fan it kamp. Der binne 70.000 minsken om it libben kaam, meast Poalske yntellektuelen en Russyske kriichsfinzenen.

Auschwitz II - Birkenau waard yn 1942 boud om systematysk te deadzjen. Der wienen seis gaskeamers en fjouwer krematoaria. Yn de maitiid fan 1942 begûnen de massadeportaazjes fan de Joaden nei Birkenau. Yn de simmer fan 1942 wienen der al mear as 20.000 Joaden yn Birkenau. Yn de neikommende jierren waarden mear en mear minsken deportearre nei Birkenau. Yn 1944 wie it tal transporten op in hichtepunt. Der waarden 600.000 Joaden nei Birkenau transportearre, dêrfan binne 500.000 fuortendaliks yn de gaskeamer fermoarde. De barbaarske SS-arts Josef Mengele wurke yn Birkenau.

Auschwitz III, ek wol Auschwitz-Monowitz neamd, wie it lêste fan de trije grutte kampen fan Auschwitz. Offisjeel wie Auschwitz III in subkamp, mar fanwege de grutte waard it el wol as haadkamp beskôge. Auschwitz III wie it wurkkamp, dêr't bedriuwen as IG Farben en Krupp Stahl festigingen hiene en gebrûk makken fan twangarbeiders.

Slachtoffers

bewurkje seksje

Meiïnoar binne der 1,3 miljoen minsken nei Auschwitz deportearre. 1,1 miljoen minsken binne deadien yn Auschwitz, wêrfan 1 miljoen Joaden. Likernôch 900.000 minsken waarden daliks fergast of deasketten. Sa'n 200.000 minsken binne deagong troch sykte, tamtaasjes fan de SS, medyske testen of waarden letter yn de gaskeamer fermoarde. It grutste part fan de slachtoffers wienen Joaden, mar ek Slavyske minsken, kriichsfinzenen, fersetsstriders, minsken mei in beheining, homoseksuelen, sigeuners, yntellektuelen en oarstinkende minsken (lykas Jehova's tsjûgen).

 
Skoarstiennen yn Auschwitz II

Auschwitz leit yn it suden fan it hjoeddeiske Poalen, 60 kilometer westlik fan Krakau, benoarden de grins tusken Tsjechje en Slowakije.

Nei de Twadde Wrâldkriich brûkte de Poalske oerheid de Buna Werke foar de gemyske yndustry yn de regio. Yn 1947 kaam de Poalske oerheid ta it beslút om fan Auschwitz I in iepenloftmuseum te meitsjen, ta oantins fan de slachtoffers fan de nazi's. De barakken en oare bouwurken waarden renovearre. Fan Auschwitz II is net folle oerbleaun. Doe't de Russen yn 1945 tichtby it kamp kamen, hawwe de Dútsers it grutste part fan Birkenau yn 'e brân stutsen. Hjoed de dei steane der noch 19 houten gebouwen en noch wat stiennen bouwurken, benammen de skoarstiennen fan de krematoariums. De measte gebouwen dy't net ôfbaarnd binne stean by de súdyngong fan Birkenau.

Yn 1979 kaam it ferneatigingskamp Auschwitz op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Keppeling om utens

bewurkje seksje