It australoïde ras is in brede rasiale yndieling dy't foar it earst yn 'e njoggentjinde iuw brûkt waard om in ûnderras oan te jaan fan it negroïde ras, as ûnderdiel fan in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "australoïde" kombinearret de stam "australis", of mooglik "Austraalje", beide mei de betsjutting "súd", mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut.

In Wedda-man út Sry Lanka.

Yn it oangeande klassifikaasjemodel waarden ûnder de oerkoepeljende term "australoïde", yn 'e breedste sin fan dat wurd, alle swarte befolkingsgroepen bûten Afrika, útsein de Dravidiërs fan Súd-Yndia, op in bulte smiten. Dêrby gie it om 'e Wedda's fan Sry Lanka; de lânseigen befolking fan 'e Andamanen, yn 'e Golf fan Bengalen; de Negrito-folken fan Súdeast-Aazje, de Papoea's fan Nij-Guineä en omlizzende eilannen; de Melaneziërs fan 'e westlike Stille Oseaan; en de Aboriginals fan Austraalje. Soms waarden sels de Ainû fan Japan derta rekkene. Yn 'e ingere sin fan it wurd waarden allinnich de Australyske Aboriginals en de Papoea's ta it australoïde ras rekkene.

Om't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt dit klassifikaasjesysteem hjoed de dei as folslein efterhelle beskôge. De term "australoïde" is lykwols noch wol yn gebrûk as in poer antropologyske oantsjutting foar beskate lytse befolkingsgroepen op it Yndiaaske subkontinint en de eilannen dy't dêrby hearre, lykas de Wedda's fan Sry Lanka en de Andamanezen fan 'e Andamanen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.