Ayzo fan Boelens (Beetstersweach, 28 augustus 1694Ljouwert, 16 juny 1782) wie riedshear[1] oan it Hof fan Ljouwert.

Stamwapen
Rouboerd yn de Sint-Hyppoytustsjerke

Hy waard berne as soan fan Boelardus fan Boelens en Ypkjen fan Hemminga. Hy troude op 6 april 1721 mei Rinske Lycklama à Nijeholt yn Beetsersweach; sy wennen yn Huzinge Olterterp. It pear krige twa bern, Boelardus Augustinus fan Boelens en Hillegonda Ypckjen van Boelens. Ayzo en syn fou vrouw Ypken joegen yn 1744 fiifhûndert gûne foar de bou fan in toer fan de Sint-Hippolytustsjerke yn Olterterp. yn 1749 waard Ayzo op grûn fan syn ekonomyske draachkrêft de Fryske kwotisaasjekohieren foar 315 karolusgûnen en fiif stuorren oanslein;[2] dêrmei stie er oan de kop fan de list fan heechstoansleinen.[3]

Ayzo stoar op 16 juny 1782 yn Ljouwert, mar waard beïerdige yn Olterterp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Naamlijst raadsheren Hof van Friesland en curatoren Franeker Academie: Rond ERASMUS (1467-1536) en SAECKMA
  2. AlleFriezen.nl
  3. Drie eeuwen Friesland (Dr. J.A. Faber, 1973), s. 702