Azov (Russysk: Азо́в) is in stêd yn 'e oblast Rostov yn it súdwesten fan Ruslân. Eardere nammen binne Tana en Azak. Azov leit oan 'e Don, 7 km foar syn mûning yn 'e See fan Azov.

Azov
De wâlen fan it fort fan Azov
De wâlen fan it fort fan Azov
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Rostov
Sifers
Ynwennertal 81.924 (2021)
Oerflak 67,5 km²
Befolkingsticht. 1213,69 ynw./km²
Hichte 40 m
Oar
Stifting 1067 (earste fermelding)
Tiidsône UTC+3
Koördinaten 47° 06' N 39° 25' E
Offisjele webside
webstee Azov
Kaart
Azov (Jeropeesk Ruslân)
Azov

Benoarden it hjoeddeiske Azov lizze de oerbliuwsels fan 'e âlde Grykske stêd Tanais, eartiids in wichtich hannelssintrum.

Azov is de âldste stêd yn 'e oblast Rostov; de skiednis sette al mear as 2000 jier lyn útein doe't de earste Skytyske delsettings ûnstiene. Ek de Simmearjers hawwe yn it gebiet wenne.

Under it bewâld fan 'e Kiptsjaken, in Turksk steppefolk, waard it plak yn 1067 Azak (d.w.s. leechlân) neamd, dêr't de hjoeddeiske namme fan ôflaat waard. Yn 'e tiid fan 'e Gouden Heap makke de stêd yn de 13e en 14e iuw in bloeitiid mei. Fenesiaanske en Genueeske keaplju stiften in hannelssintrum dat hja Tana neamden. De Feneesjers sloegen yn 'e 14e en 15e iuw foar master op en grutte dielen fan 'e hannel waarden mei Tataarske en Russyske slaven ôfwikkele, alhoewol't de konkurrint Kaffa op 'e Krim, dêr't Genua foar master opsloech, dy hannel op noch gruttere skaal dreau. Dêrnjonken wie Tana in wichtich sintrum foar hannel tusken de noardlike en súdlike Swarte See en in oerslachpunt foar hannel út it Fiere Easten, om't de stêd oan 'e ein fan 'e saneamde Via Mongolica (in earm fan 'e Siderûte) lei. In grut foardiel wie dat de stêd relatyf feilich lei en net in soad te lijen hie fan 'e Gouden Heap.

Yn 1471 waard Azov troch de Turken oermastere en omboud ta de fêsting Azak.

De fêsting Azov

bewurkje seksje

De earste oanfal yn 1599 fan Kozakken op Azov ûnder Dmytro Vysjnevetski mislearre. Yn 'e simmer fan 1637 feroveren de Don Kozakken de fêsting, dy't mei 4.000 Ottomaanske soldaten en 200 kanonnen ferdigene waard. Yn juny 1641 wisten de Kozakken in lange belegering troch it Ottomaanske leger út te hâlden. Yn 1642, nei't de Turken har weromlutsen, naam tsaar Michael I it beslút de fêsting op te jaan om in nij konflikt mei it Ottomaanske Ryk te mijen. Foardat de fêsting ferlitten waard, ferneatigen de Kozakken alle ferdigeningswurken.

 
It belis fan Azov
Adriaan Schoonebeek (1661–1705)

Nei't in belis troch Russyske troepen by de earste Azov-kampanje yn 'e maaitiid net slagge, ferovere Peter I Azov yn 'e earste suksesfolle slach fan syn regear op 28 augustus 1696 de fêsting Azov werom. Nei de nederlaach by de Slach oan de Prût yn 1711 moast er de fêsting lykwols wer oan de Ottomanen ôfstean. By de Frede fan Belgrado yn 1739 foel de stêd op 'e nij yn Russyske hannen, wat lang om let ûnder it bewâld fan Katarina II yn 1774 definityf sa bleau. Sân jier lang wie Azov de haadstêd fan in eigen gûvernement, mar troch de opkomst fan Rostov oan de Don ferlear de stêd oan belang.

Yn 1901 boude de natuerkundige Aleksandr Popov it earste sivile radiostasjon fan Ruslân by Azov.

Mei de ynvaazje fan 'e Dútsers yn Ruslân waard yn Azov in masinefabryk brûkt foar de produksje fan granaten. Yn in naaifabryk waarden de klean en unifoarmen foar de soldaten fan it Reade Leger produsearre. Azov waard op 28 july 1942 troch de Dútske Wehrmacht beset. Yn 'e tiid fan de 194 dagen besetting waarden goed 600 minsken troch de nazy's fermoarde. In stiengroeve waard dêrfoar brûkt as eksekúsjeplak. Op 7 febrewaris 1943 folge de befrijing troch it Reade Leger.

De stêd krige op 5 maaie 2017 de titel "Stêd fan militêre Dapperens" (Russysk: Город воинской доблести). Op 8 maaie 2018 waard yn it ramt dêrfan in monumint op it Berjoska-plein opsteld.

Russen foarmje neffens sifers út 2012 de grutte mearderheid fan 'e befoking (94%). Dêrnjonken bestiet de befolking foar 3,1% út Oekraieners en 0,5% út Wyt-Russen. Fierder hat Azov al hiel lang in Armeenske mienskip. Der wenje yn Azov mear as 20 ferskillende etnyske groepen, dêrûnder ek Russyske Dútsers.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1856 1897 1931 1959 1979 1989 2000 2010
Ynwenners 5.300 27.500 19.800 39.931 75.124 80.297 81.300 82.937
Jier 2020
Ynwenners 80.428

It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De trochsnit temperatuer yn jannewaris is −4 °C, yn july +24 °C. De trochsnit delslach is ​​400 oant 650 mm yn 't jier.

Sûnt de jierren 1950 nimt it ekonomysk belang fan Azov wer ta. It is ien fan de liedende stêden yn de regio op it mêd fan bou en yndustry. Azov heart hjoed-de-dei ta de Rostov-stêdekloft en ûntwikkelt him as in dynamysk saaklik sintrum mei in goed ûntwikkele ynfrastruktuer. Troch de geunstige lokaasje oan 'e Don tsjinnet Azov yn 'e takomst hieltyd mear as in logistike hub, dat it suden fan Ruslân ferbynt mei nasjonale en ynternasjonale merken.

De wichtichste yndustry fan 'e stêd binne de masinebou en de fiedingsindustry. Yn 2005 waard AZOV-Tech iepene, in fabryk dy't autofelgen foar hiel Ruslân produsearret. Wichtige wurkjouwers binne ek in naaifabryk en in fabryk foar de produksje fan fiedingssuppleminten.

De lânbou spilet ek net swak by, yn 'e regio wurde weet, mais en sinneblommen ferboud.

De stêd hat in eigen hegeskoalle, it Azov Ynstitút foar Ekonomy, Bestjoer en Rjocht. Der binne ek trije universitêre ôfdielingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Azow