Bela Lugosi

(Trochferwiisd fan Béla Lugosi)

Béla Lugosi, artystenamme fan Béla Ferenc Dezső Blaskó (Lugos (Banaat, Hongarije), 20 oktober 1882Los Angeles (Kalifornje), 16 augustus 1956) wie in Amerikaansk-Hongaarsk akteur.

Bela Lugosi
akteur
Bela Lugosi as Drakula (1931)
Bela Lugosi as Drakula (1931)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Béla Ferenc Dezső Blaskó
nasjonaliteit Eastenryk-Hongarije
berne 20 oktober 1882
berteplak Berlyn
stoarn 16 augustus 1956
stjerplak Los Angeles
etnisiteit Hongaarsk
jierren aktyf 1901 - 1959
offisjele webside
Offisjele Bela Lugosi webstee, ûnderhâlden troch de famylje Lugosi
Bela Lugosi yn de The Devil Bat, 1940
Lugosi yn White Zombie

Lugosi is fral bekend fan syn rollen yn grizelfilms, benammen troch syn fertolking fan greve Dracula.

Doe't ein 1931 Frankenstein yn de filmsealen ferskynde, hie net ien it mear oer Lugosi. Boris Karloff wie de nije stjer oan it horrorfirmamint. De akteurs hawwe in pear kear tegearre yn deselde films spile, mar eltse kear kaam Lugosi mear yn 't skaad fan Karloff te stean. In oare faktor yn syn delgong wiene de fermoedens oer syn bannen mei it kommunisme.

Lugosi hat lange jierren oan morfine ferslaafd west, mar hy hat syn ôfhinklikens oerwûn mei in ôfkikprogramma (1954). Hy wie ek de earste Hollywoodakteur dy't syn ferslaving iepenlik yn de media bespriek.

Lugosi stoar op 16 augustus 1956 mei 73 jier yn syn appartemint yn Hollywood oan in hertoanfal, earm en ûngelokkich. Frank Sinatra betelle de begraffenis. Lugosi waard beïerdige yn in folslein Drakula-kostúm op it Holy Cross Cemetery, Culver City.

Wichtige films

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bela Lugosi fan Wikimedia Commons.