Boris Karloff
William Henry Pratt (Camberwell (Grut-Londen), 23 novimber 1887 - Midhurst (Susseks), 2 febrewaris 1969) wie in Ingelsk akteur dy't bekend wurden is ûnder syn artystenamme Boris Karloff.
Boris Karloff | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Henry Pratt | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 23 novimber 1887 | |
berteplak | Camberwell | |
stoarn | 2 febrewaris 1969 | |
stjerplak | Midhurst | |
jierren aktyf | 1909-1969 | |
prizen | Twa stjerren op de Hollywood Walk of Fame |
Pratt hie diplomaat wurde sillen en hat yn Londen studearre. Hy emigrearre lykwols yn 1909 nei Kanada en socht ûnder de namme Boris Karloff oansluting by in teaterselsskip. Sy trokken tsien jier troch de Feriene Steaten oant Karloff yn Hollywood telâne kaam. Hy hie op dat stuit gjin bekendheid en gjin jild. Hy spile dêrnei yn 80 (meast stomme) films oant er yn 1931 cast waard foar de rol fan mûnster yn de film Frankenstein. Karloff soe dy rol, mei de bekende bouten yn syn hals, noch twaris spylje yn de 'Breid fan Frankenstein' en de 'Soan fan Frankenstein', en om dizze rol bleau er de minsken it meast by, mar Karloff hat tal fan oare rollen yn films en teaterstikken fertolke.
Yn tsjinstelling ta it byld fan aakliksma wie Karloff in minlik minske dy't mâl mei bern wie en graach foar harren de Krystman spile. Ek brocht er ferskate opnames fan berneferhalen (foar radio) út. In sosjabel man mei in protte freonen, ek bûten syn fakwrâld.
-
Karloff as It Mûnster út de Bride of Frankenstein, trailer (1935)
-
Yn de Breid fan Frankestein
-
Boris Karloff by syn radioprogramma foar bern by WNEW, New York.
Filmografy
bewurkje seksjeLiteratuer
bewurkje seksje- Donald F. Glut: The Frankenstein Legend. A Tribute to Mary Shelley and Boris Karloff. Scarecrow Press, Metuchen NJ 1973, ISBN 0-8108-0589-8
- Paul M. Jensen: Boris Karloff and His Films. A.S. Barnes, South Brunswick 1974, ISBN 0-498-01324-3
- Cynthia Lindsay: Dear Boris. The Life of William Henry Pratt A.K.A. Boris Karloff. Limelight Editions, London 1995, ISBN 0-87910-106-7
- Scott Allen Nollen: Boris Karloff. A Critical Account of His Screen, Stage, Radio, Television and Recording Work. Mei in foarwurd fan Ray Bradbury. McFarland and Company, Jefferson N.C. 1991, ISBN 0-89950-580-5
- Scott Allen Nollen, Sara Jane Karloff: Boris Karloff. A Gentleman's Life. Midnight Marquee Press, Baltimmore 1999, 2005 (werútjefte), ISBN 1-887664-23-8
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boris Karloff fan Wikimedia Commons. |