Bökkers is in yn 2010 troch sjonger en gitarist Hendrik Jan Bökkers oprjochte rockband út it Oeriselske Sallân.

Bökkers
band
Bökkers yn 2016
Bökkers yn 2016
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Sallânsk
sjenre rock
bestean 2010 -
label(s) Suburban,
Goomah
webside bokkersband.nl
âld-leden Bastiaan Bökkers (bas) (2010-2013)
Arjan Mulder drums (2010-2013)
Erik Neimeijer (gitaar, orgel, & harp) (2010-2021)
Arjan Pronk (bas) (2013-2021)
Jeroen Hobert (drums) (2013-2021)
leden
Sang & Gitaar Hendrik Jan Bökkers
Gitaar Jim Zwinselman
Toetsen Jeroen Sweers
Bas Bart Petter
Drums Stef Hoekjen

Skiednis bewurkje seksje

De band is yn 2010 begûn as tributeband fan de Achterhoekse band Normaal ûnder de namme "Bökkers Dut Normaal". De band is yn de rin fan de jierren útgroeid nei in folweardige rockband mei in eigen repertoire skreaun yn it Sallânsk in dialekt fan it Nedersaksysk en hjit no "Bökkers".

Bökkers wurdt gauris sjoen as de nije Normaal. Der binne oerienkomsten in de muzykale styl en yn it brûken fan it Nedersaksysk, mar Hendrik Jan Bökkers hat him útsprutsen tsjin it stimpel 'boerenrock' foar syn band.

Yn 2020 naam de band 't beslút om útinoar te gean. De bandleden hiene ferskillende ideeën oer de muzykstyl. In ôfskiedstoernee waard pland, mar koe ta gefolch fan COVID-19 net troch gean. Undertusken hat oprjochter Hendrik Jan Bökkers oankondigd dat Bökkers dochs bliuwt bestean, mar hy moast no wol op 'e siik nei nije bandleden.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Bökkers augustus 2011 Suburban
Morattamottamotta maaie 2013 Goomah
Humme juny 2014
Blixer elixer maaie 2015
Schorem uut de schiettente novimber 2017
Leaven In De Brouweri-je 22 maart 2019 Duutse Grens,
Leaven In De Brouweri-je,
Kold Bloed

Live-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label
Live en knetterhard juny 2016 Goomah