Bûn fan Kristen-Sosjalisten

It Bûn fan Kristen-Sosjalisten (BCS) wie in Nederlânske politike partij mei kristlik-marxistyske begjinsels, oprjochte yn 1907. De BCS wiisde it kapitalisme ôf, wie tsjinstander fan partikulier besit en oanfurdige it prinsipe fan de klassestriid. Sûnt 1914 wie Willy Kruyt foarsitter fan de partij.

De partij stribbe, ûnder oaren, nei sosjale sekerheid, likense rjochten foar froulju, fergees ûnderwiis, opheffing fan aksynzen, tsjin berne-arbeid ûnder de 14 jier, stipe fan koöperaasjes en de ynfiering fan in minimumlean. Op bestjoerlik flak woenen de kristen-sosjalisten de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal ôfskaffe en de republyk ynfiere. Teffens wienen hja foar in gruttere autonomy fan provinsjes en gemeenten. De klassestriid waard akseptearre foar safier't it de rjochtsposysje fan de arbeider befoardere. It pasifisme fan de partij kaam ta útering yn de eask fan folsleine ûntwapening en de erkenning fan it rjocht op tsjinstwegering; Nederlânsk-Ynje soe ûnôfhinklik wurde moatte.

Foaroanmannen

bewurkje seksje

De bekendste foarmannen fan de BCS wienen Willy Kruyt en Bart de Ligt. De earste, in predikant en sjoernalist, wie Twadde Keamerlid. De twadde wie ek predikant (yn Gennep) en in bekend foarfjochter fan tsjinstwegering. Yn 1919 gie it BCS-Keamerlid Kruyt oer nei de kommunistyske fraksje, sadat de BCS har fertsjintwurdiging yn it parlemint kwyt rekke.

In oar bekend lid fan de partij wie feministe en anti-militariste Clara Wichmann

De BCS helle yn 1918 sa'n 84.000 stimmen (0,6%). Omdat yn 1918 it distriktestelsel ôfskaft wie, koe de patij no rekkenje op ien sit yn de Twadde Keamer. yn 1919 stapte it ienige keamerlid fan de BCS oer nei de Kommunistyske Partij (Sjoch boppe). IN oar part fan it Bûn gie oer nei de SDAP, en in tredde groep gie fierder as Kristlike Folkspartij dy't op har beurd wer opgie yn de CDU yn 1926.

  • Ligt, B. de, De antimilitaristen en hun strijdwijzen, De Haach 1921.
  • Ligt, B. de, Vrede als daad. Beginselen, geschiedenis en strijdmethoden van de direkte aktie tegen oorlog. Eerste deel. Arnhim 1931.
  • Noordegraaf, Herman, Het christen-socialisme van John William Kruyt en Truus Kruyt-Hogerzeil. Voorburg 1990.
  • Noordegraaf, Herman, Niet met de wapenen der barbaren. Het christen-socialisme van Bart de Ligt. Baarn 1994.
  • Noordegraaf, Herman, 'Antimilitarisme in het begin van deze eeuw. De bijdrage van Jos. Giesen (1881-1932), yn: Transaktie jiergong 26, 1997, nûmer 1, sd. 11-32.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: