Bûsefalus
Bûsefalus (±345 f.Kr. – 326 f.Kr.) wie it favorite hynder fan Aleksander de Grutte, en ien fan 'e meast ferneamde hynders út net inkeld de Aldheid, mar de hiele skiednis. De Grykske namme fan dizze striidhynst wie Βουκέφαλος of Βουκεφάλας, útsprutsen as "Bûkefalos" of "Bûkefalas" (mei de klam op it twadde wurdlid), dat letter latinisearre waard ta Bucephalus. De namme betsjut "oksekop", fan βούς, bous ("okse"), en κεφαλή, kephalē ("holle"). De bertedatum fan Bûsefalus is ûnwis, mar neffens it meast wierskynlike ferhaal gie er dea oan ferwûnings dy't er oprûn hie ûnder de Slach oan de Hydaspes, yn 326 f.Kr., yn wat no Pakistan is.
Bûsefalus (Βουκέφαλος) | ||
In stânbyld fan Aleksander de Grutte en Bûsefalus. | ||
bysûnderheden | ||
soarte bist | hynder | |
berne | ±345 f.Kr. | |
berteplak | yn Tessaalje? (Grikelân) | |
deagien | 326 f.Kr. | |
stjerplak | Jhelum? (Pakistan) | |
aktyf as | striidhynder | |
reden bekendheid |
hynder fan Aleksander de Grutte |
Libben
bewurkje seksjeBûsefalus wurdt omskreaun as in ûnbidich grutte swarte hynst mei in brún en in blau each en mei in wite stjer op 'e foarholle. Hy soe ôfkomstich west hawwe út 'e Grykske lânstreek Tessaalje, dy't yn 'e Aldheid bekend stie om syn hynstefokkerij. Neffens it ferhaal sa't dat letter optekene waard troch Plutarchus, soe in hynstekeapman mei de namme Filonikus oan it hof fan 'e Masedoanyske kening Filippus II kommen wêze, dêr't er Bûsefalus foar it bedrach fan trettjin talinten te keap oanbea. Om't it nimmen slagge wie om it bist nuet te meitsjen en te beriden, hie Filippus dêr gjin belangstelling foar.
Syn trettjinjierrige soan Aleksander wie lykwols daliks sljocht mei it hynder, en makke in ôfspraak mei de keapman: as er Bûsefalus nuet meitsje koe, soed er de hynst fergees krije, mar as him dat net slagge, soed er út eigen bûse de fraachpriis betelje. Ta ferrassing fan alle oanwêzigen koste it Aleksander net folle muoite om Bûsefalus nuet te krijen. Hy spriek it bist kalmearjend ta en draaide it yn 'e sinne op sadat Bûsefalus syn eigen skaad net mear sjen koe, dêr't er earder jinstich fan wurden wie. Aleksander liet syn wapperjende mantel ek falle, sadat it hynder dêr ek net mear kjel fan wurde koe. Dêrnei wie it samar klear. Neffens Plutarchus soe Filippus neitiid syn soan tasprutsen hawwe mei de wurden: "O myn soan, sjoch út nei in keninkryk dat jins gelikens en weardich foar jo is, want Masedoanje is te lyts foar jo." Dy lêste tafoeging is neffens de Amerikaanske taalkundige Andrew R. Anderson[1] it iennichste dúdlik opdwaanderige elemint yn dit ferhaal.
As syn favorite ryddier en ien fan syn striidhynders tsjinne Bûsefalus Aleksander yn withoefolle slaggen en skermutselings. De wearde dy't Aleksander oan 'e hynst ferbûn bearde dúdlik syn persoanlike idoal nei, de Homearyske held Achilles, dy't yn 'e Ilias oer syn hynders sei dat se "alle oaren oertreffe – want se binne ûnstjerlik. Poseidon joech se oan ús heit Peleus, en dy hat se op syn beurt wer oan my jûn." Neffens Arrianus fan Nikomedia, dy't oanjout dat er dizze bewearing fan Onesikritus oernommen hat, soe Bûsefalus deagien wêze doe't er tritich jier wie. Oare boarnen jouwe lykwols as deadsoarsaak net âlderdom of wurgens, mar deadlike ferwûnings, dy't de hynst oprûn hawwe soe yn 'e Slach oan de Hydaspes, yn it hjoeddeiske Pakistan, yn juny 326 f.Kr., wêrby't Aleksander it mei striidoaljefanten tariste leger fan 'e Yndyske kening Poarus fersloech.
Fuort nei Bûsefalus syn dea stifte Aleksander dêrsanne in stêd dy't er ta eare fan syn hynder Alexandria Bucephalous (yn 'e folksmûle koartwei Bucephala) neamde. Dy lei op 'e westigge fan 'e rivier de Hydaspes (no de Jhelum), op it plak fan 'e moderne stêd Jhelum. Oer it grêf fan Bûsefalus geane ferskillende ferhalen. Neffens de measte ferslaggen soed er begroeven lizze op it plak dêr't no it doarp Jalalpur Sharif leit, fuortby Jhelum. In oar ferhaal wol hawwe dat er begroeven is yn Phalia, in doarp dat nei him neamd is, yn it Pakistaanske distrikt Mandi Bahauddin.
Leginde
bewurkje seksjeHoewol't Bûsefalus sûnder mis echt bestien hat, hat der frijwat mytefoarming om it hynder hinne plakfûn, dy't lykop gien is mei it útwaaksen fan 'e leginde fan Aleksander de Grutte. Al rillegau waard ferteld dat Aleksander en Bûsefalus tagelyk berne wiene, en guon lettere ferzjes fan 'e Aleksanderroman beweare ek dat se tagelyk stoaren. Neitiid ûntstie der in soarte fan kultus om 'e gouden hearsker en syn hynder hinne, en waard it hawwen fan in favoryt hynder in suver ûnmisber attribút fan in grut feroverder.
Julius Caesar hie bgl. in hynder dat er boppe alle oaren wurdearre. De eksintrike en moardsuchtige Romeinske keizer Kaligula wie alhiel sljocht mei syn hynder Insitatus, dêr't er jierdeisfeesten foar hold en dat er beried wylst er it boarstkuras fan Aleksander de Grutte droech. Hy wie sels fan doel om it bist ta konsul te beneamen. En ek Napoleon griep mei de behanneling fan syn hynst Marengo noch op 'e leginde fan Aleksander en Bûsefalus werom.
Yn 'e biografyske film Alexander, út 2004, waard Bûsefalus spile troch in Frysk hynder, en sadwaande is dat no it byld dat de measte minsken fan him foar de geast stiet. It is lykwols ûnwierskynlik dat Bûsefalus der krekt sa útseach, yn it foarste plak om't it Fryske hynsteras yn Noardwest-Jeropa ûntstie mei net folle ynbring fan Súdjeropeeske hynders, en twad om't it Fryske hynder him pas yn 'e trettjinde iuw n.Kr. ûntjoech.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.
|