Bûterstrjittebrêge
De Bûterstrjittebrêge is in ryksmonumint op De Jouwer.
Bûterstrjittebrêge | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Bûterstrjitte/It Sân | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Flapbrêge | |
oerbrêget | De Kolk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18206 |
De ophelbrêge oer de Kolk ferbynt de Bûterstrjitte mei It Sân. De houten flapbrêge oan de ein fan de Bûterstrjitte stiet op draachkonstruksje (hamei) mei in heal ôfsluten trochgong.
De Kolk
bewurkje seksjeIt wetter De Kolk wie eartiids in drok wetter. Hjirwei giene kofskippen nei Hamburch en de Eastsee. Der wiene skipswerven en in libbene hannel yn bier, klokken en koper. By It Tolhûs moasten skippers it havenjild betelje.[1] De ophelbrêge by it Tolhuis is letter ferfongen troch in fêste brêge oer De Kolk. Oan de noardside fan De Kolk begjint de Jouster Sylroede.
-
Alde Bûterstrjittebrêge
-
De brêge yn 1965
-
De Bûterstrjite om 1900 hinne
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |