Bacharach
Bacharach (ek bekend ûnder de namme Bacharach am Rhein) is in stêd oan 'e Ryn en leit oan 'e Bundesstraße 9 yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De oarspronklike namme Baccaracus wiist op in Keltyske oarsprong. Boppe Bacharach leit de boarch Stahleck (hjoeddedei in jeugdherberch). Om Bacharach hinne is in protte wynbou.
Bacharach | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
ferbânsgemeente | Rhein-Nahe | |
Stedsyndieling | 5 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.837 (31.12.20229) | |
Oerflak | 23,33 km² | |
Befolkingsticht. | 79 ynw./km² | |
Hichte | 70 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 55422 | |
Koördinaten | 50° 3'N 7° 46'E | |
Offisjele webside | ||
www.bacharach.de | ||
Kaart | ||
Bacharach makket part út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe Middenryndelte en hat in skildereftich sintrum, dat alle jierren troch in soad toeristen besocht wurdt.
Ta de gemeente Bacharach wurde ek de plakken Henschhausen, Medenscheid, Neurath en Steeg rekkene.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Yn it sintrum binne oeral fakwurkhûzen te sjen.
- Om 1344 hinne waard der útein set mei de bou fan 'e stedsmuorre. Grutte dielen dêrfan bleaune bestean, lykas ek njoggen fan 'e sechtjin ferdigeningstuorren. Oan 'e kant fan 'e Ryn giet in grut part fan Bacharach skûl efter de stedsmuorre mei trije tuorren.
- De boarch Stahleck.
- De protestantske, romaanske Pitertsjerke (Sankt Peter Kirche)
- De katolike, barokke Sint-Nikolaastsjerke (Sankt Nikolauskirche), dy't op in poarte boud waard.
- De ruïne fan 'e goatyske Wernerkapel (Wernerkapelle), in eardere beafeartstsjerke, dêr't allinnich de muorren fan stean bleaune.
Religy
bewurkje seksjeYn 2013 wie 47,4% van de ynwenners protestantsk en 30,7% katolyk.
Ôfbyldings
bewurkje seksje-
Fakwurkhûzen
-
Boarch Stahleck
-
Pitertsjerke
-
Wernerkapel
-
Annatsjerke fan Steeg
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bacharach fan Wikimedia Commons. |