Badpaviljoen Hylpen
It badpaviljoen fan Hylpen, yn de folksmûle Badhûs oan de Westerdyk, Iselmardyk, yn Hylpen.
Badpaviljoen Hylpen | ||
bouwurk | ||
Badpaviljoen Hylpen | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Hylpen | |
adres | Westerdyk 2 | |
koördinaten | 52°55'59" NB, 5°24'14" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Paviljoen | |
boujier | 1913/1914 | |
boustyl | Art Nouveau ynfloeden, iere betonbou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 513627 | |
kaart | ||
Bou
bewurkje seksjeIt paviljoen waard yn 1913 boud yn ferbân mei it opkommende toerisme fan it strân oan de Sudersee. Dy fraach nei romte blykte sa grut te wêzen, dat de Badvereeniging Hindeloopen al it jier dêrnei de opdracht joech ta de bou fan in nij badpaviljoen. It gebou oan de eardere suderseedyk hat eleminten út de Art Nouveau. De betonnen konstrukje fan it gebou bestiet út meardere blokken, dêr't op it boppeste blok fjouwer hoektuorkes by setten binne mei in tintedak. It paviljoen is in tige bysûnder foarbyld fan de earste tapassing fan it boumateriaal beton. De oerdekte galarij en sierlike tuorkes joegen it gebou ek in koloniaal oansjen. Troch in soad ferbouwings yn it ferline, ferlear it gebou dy alluere. It pân is ûnder mear om syn unisiteit erkend as ryksmonumint.
Leech
bewurkje seksjeSûnt 2009 hat it paviljoen gjin horekafunksje mear en stiet it leech. It paviljoen stie der yn 2010 sa min by dat it yn de Top-10 fan meast bedrige ryksmonuminten kaam.[1] Yn 2010 stelde Deputearre Steaten fan Fryslân € 136.000 beskikber foar reparaasjes dêr't it pân tige ferlet fan hie.[2]
It badpaviljoen eartiids
bewurkje seksje-
Badpaviljoen Hylpen
-
Badpaviljoen Hylpen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|