Bakû
Bakû (Azerbeidzjaansk: Bakı, Perzysk: Badkuba/باکو[1]) is de haadstêd en wichtichste havenstêd fan Azerbeidzjan. De stêd, dy't oan de Kaspyske See leit, is mear as 1500 jier âld. De stêd hie 1.900.000 ynwenners yn 2003 en 2.039.700 yn 2009.
Bakû | ||
Bakû yn 2011 | ||
Polityk | ||
Lân | Azerbeidzjan | |
Boargemaster | Hajibala Abutalybov | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.300.500 (2021) | |
Oerflak | 2130 km² | |
Befolkingsticht. | 1.075/km² | |
Hichte | - 28 m | |
Oar | ||
Postkoade | AZ1000 | |
Tiidsône | AZT (UTC+4) | |
Offisjele webside | ||
BakuCity.az |
Skiednis
bewurkje seksjeArcheologen hawwe resten fûn dy't datearre fan in pear iuwen foar Kristus. Bakû waard foar it earst neamd yn 885. De stêd waard wichtich neidat de stêd Shemaka troch in ierdskodding ferwoaste waard. De doedestiidske Persyske hearsker Shirvanshah Ahistan I makke fan Bakû syn nije haadstêd.
Yn 1805, ûnder de Earste Russysk-Iraanske oarloch, waard Bakû troch de Russen op Iran ûnder de Kadjaren-dynasty oerweldige.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeDe histoaryske stedsmuorre fan Bakû is op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO set. Ek de Maagdentoer út de 11e iuw stiet op dizze list.
Bakû is it begjin fan de Bakû-Tbilise-Ceyhanpiiplieding, dy't oalje fan de Kaspyske See nei de súdkust fan Turkije bringt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |