Bant (De Fryske Marren)
Bant of ek wol Bandt wie in plak tusken it Westein (wei De Lemmer nei Eastersee-Buorren) en de Lemster Rien. It is weiwurden troch seewetter. It wie ûnderdiel fan Lemster Fiifgea. Hjirnei waard letter Bant yn 'e Noardeastpolder ferneamd.
Bant is ek de âlde namme foar de buorskip Ychtenpolder. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de namme Ychtenpolder omneamd yn Bantegea, in ferwizing nei it âlde Bant dat jierren lyn fuortspield is troch de Sudersee.