De bargesnútrôt (wittenskiplike namme: Hyorhinomys stuempkei) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e bargesnútrotten (Hyorhinomys). Dit bist waard yn jannewaris 2015 ûntdutsen op it Yndonezyske eilân Selebes, doe't by in mienskiplike Amerikaansk-Australysk-Yndonezyske soölogyske ekspedysje fiif eksimplaren fongen waarden. Begjin oktober 2015 waard it bist foar it earst wittenskiplik beskreaun.

bargesnútrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai bargesnútrotten (Hyorhinomys)
soarte
Hyorhinomys stuempkei
Rowe, 2015
IUCN-status: te min gegevens
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

Bargesnútrotten binne lânseigen op it noardlike skiereilân fan it Yndonezyske eilân Selebes. De soarte libbet dêr yn in biotoop fan tropysk reinwâld op in hichte fan likernôch 1.600 m op 'e berch de Dako, yn it distrikt Tolitoli.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De bargesnútrôt is in frij grutte mûseftige mei in gewicht fan 250 g en in lange, keale sturt dy't likernôch fan deselde lingte is as de kop en romp mei-inoar. Syn meast opfallende lichaamlike eigenskip is syn grutte, platte, keale, rôze noas, dy't in bytsje oan dy fan in baarch tinken docht. Dêrfandinne dat it bist yn it Ingelsk de namme hog-nosed rat taparte krige hat, wat oerset wurde kin as "bargesnútrôt". Yn ferhâlding ta oare mûseftigen dy't op Selebes foarkomme hat dizze soarte tige grutte earen, dy't griis behierre binne. De rest fan it lichem wurdt oerdutsen troch brún-griis hier. De bargesnútrôt beskikt ek oer tige lange kjiftosken, en liket fral wjirmen en ynsektelarven te fretten.

Morfologysk hawwe bargesnútrotten it measte wei fan in groep mûseftige skaaien dy't lânseigen binne op Selebes en dy't mei-inoar wol bekendsteane as pipermûsrotten. Dat binne spitsnoazige fleisitende mûseftigen dêr't û.o. de skaaien fan 'e Selebesstikelrotten (Echiothrix), lytse Selebespipermûsrotten (Melasmothrix), grutte Selebuspipermûsrotten (Tateomys) en de sommerselebesrotten (Sommeromys) ta hearre. De bargesnútrôt wykt lykwols safolle fan dy skaaien ôf dat er yn in eigen, monotypysk skaai pleats is, dat fan 'e bargesnútrotten (Hyorhinomys).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.