Bartoloméuskapel (Paderborn)
De Bartoloméuskapel (Dútsk: Bartholomäuskapelle) yn 'e Westfaalske stêd Paderborn waard yn 1017 boud en is de âldst bekende halletsjerke noardlik fan 'e Alpen.
Bartoloméuskapel (Paderborn) | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | 33098 Paderborn | |
adres | Am Ikenberg | |
koördinaten | 51° 43' N 8° 45' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Paderborn | |
patroanhillige | Bartoloméus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1017 | |
Kaart | ||
De oan 'e apostel Bartoloméus wijde kapel stiet yn it sintrum fan 'e binnenstêd oan 'e noardlike kant fan 'e domtsjerke fan Paderborn, dêr't de kapel by heart. Fuortendaliks by de kapel stiet ek it museum, dat ûnderbrocht is yn 'e eardere palts fan Paderborn.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Bartoloméuskapel wie as paltskapel ûnderdiel fan 'e nijbou fan 'e keningspalts. De Paderborner biskop Meinwerk (1009–1036) liet de kapel yn 1017 troch betûft Byzantynsk boufolk delsette, dy't ek de unike ferwulften bouden. De kapitelen fan 'e dragende pylders binne wichtige fertsjintwurdigers fan Ottoanske boukeunst.
De kapel is de tiid goed troch kommen en waard sûnt 1963 yn 'e oarspronklike steat werom brocht. De Bartoloméuskapel is ien fan 'e belangrykste keunsthistoaryske bouwurken fan Paderborn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Bartholomäuskapelle (Paderborn)
|