Beafeartstsjerke fan Wirzenborn

De Beafeartstsjerke fan Wirzenborn is in beafeartstsjerke yn Wirzenborn, in stedsdiel fan Montabaur, yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Beafeartstsjerke fan Wirzenborn
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Montabaur-Wirzenborn
adres Kapellenstraße 11
koördinaten 50° 25' N 7° 51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
Arsjitektuer
boujier 1498-1510
boustyl (lette) gotyk
monumintnûmer 50°25'40.3"N 7°51'38.2"E
Webside
De tsjerke op de side fan de parochy
Kaart
Beafeartstsjerke fan Wirzenborn (Rynlân-Palts)
Beafeartstsjerke fan Wirzenborn
 
Genedebyld

Alhoewol't de beafeartskapel fan Wirzenborn foar it earst yn 1497 neamd waard, bestie de kapel yn dy tiid al langer. De beafearten waarden fanút Montabaur organisearre en mooglik nei de grutte stedsbrân yn it jier 1491 útein set. Tusken 1498 oant 1510 waard de hjoeddeiske tsjerke boud. De datearing fan it genedebyld yn de tsjerke wurdt fanwegen de foarm rûsd op it jier 1380, mar it kaam pas yn 1600 nei Wirzenborn en it byldsje hearde oarspronklik nei alle gedachten yn in benediktynsk kleaster yn it Westerwald.

Yn de 18e iuw waarden oan it âlde beafeartspaad fan Monatabaur nei Wirzenborn in krúswei oprjochte mei fyftjin staasjes. De krúswei bestiet noch, mar is foar in part fernijd.

Under aartsbiskop Clemens Wenzeslaus fan Trier waarden yn 1784 alle prosesjes fan langer as in oere te gean ferbean. Dat betsjutte doe ek it ein fan de beafeart nei Wirzenborn. Pas yn 1890 nei de Kulturkampf en letter nei 1945 waarden der wer beafearten organisearre.

De beafearttsjerke falt ûnder de parochy St. Peter in Ketten (Montabaur).

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Beafeartstsjerke Wirzenborn fan Wikimedia Commons.