Beantsje fan it Jier
De priis Beantsje fan it Jier wurdt elk jier keazen troch de befolking fan Koudum. De priis is foar Koudumers dy’t har op ien oft oare wize bysûnder foar it doarp ynsetten hawwe. Dizze krijt in Sulveren Beantsje-ynsynje opspjelde en mei him in jier lang Beantsje fan it Jier neame. De namme wurdt dan byskreaun op de earelist dy’t yn doarpshûs De Klink hinget. Elts kin in stim útbringe op in eigen kandidaat. De sjuery bestiet út de redaksje fan Koudumer doarpskrante “Bulte Nijs”. "Willem en Pé" wienen de earste Koudumers dy't de earetitel Beantsje fan it Jier opspjilde krigen hawwe. Dit wie in spontane aksje fan buertferiening "Station de Zwarte Haan", op in doarpsjûn ta gelegenheit fan Keninginnedei. Willem en Pé binne huldige foar harren ynset as "regelateurs" by de jierlikse optocht yn de feestwike. It jier derop hat Station de Swarte Haan, no op fersyk fan it bestjoer fan Doarpsbelang, de útrikking opnij regele. It tredde beantsje waard beneamd nei de earste offisjele ferkiezing troch de ynwenners. Doarpsbelang liet de stimbiljetten doar oan doar besoargje mar hie gjin fierdere bemuoienis. De redaksje fan Bulte Nijs foarme de jury. Sa is it dernei oant no ta altyd gien.
Faak binne de winners aktyf op in breed flak, mar wurde guon fan harren aktiviteiten ekstra foar it fuotljocht helle:
Jier | Winner | foar | en ek foar |
---|---|---|---|
2021 | Ulfert de Jong | ynset foar de Koudumer mienskip | |
2020 | |||
2019 | Joeke de Lange | Doarpsbelangen | |
2018 | Uilke de Vries | winkeliersferiening | ringstekken |
2017 | Pietie de Boer | direktrise Koudum Foarút | trommelkoekbakster en gastfrou |
2016 | Sierd de Boer | bestjoerslid | organisator |
2015 | Durk Venema | ||
2014 | Cornelis Bergsma en Pieter Boschma | ||
2013 | Marie Bergsma Pries | ||
2012 | Jan de Vries | ||
2011 | Johannes Haanstra | frijwilligerswurk | tentoanstellingsorganisator |
2010 | Piet Zonderland | Doarpsbelang | |
2009 | Piet Hobma Sietze van der Wal |
promoasje fan Koudumer beantsjes |
|
2008 | Gerben Zwerver | Moarreplan | Doarpsfernijing |
2007 | Hindrik de Jong | Nostalgysk Album | webside Koudum |
2006 | Herma Bovenkerk | byldhouwurk | |
2005 | Rienk Pel | Flechtlingenwurk | Wrâldwinkel |
2004 | Maurits Hettinga | Doarpshûs | Doarpsbelangen |
2003 | Pier en Gryt de Jong | De Klink | Sândobbe |
2002 | Sake de Boer | Reade Krús | EHBO |
2001 | Klaaske Pries | Tsjerke | Simmer 2000 |
2000 | Wiebe Postma | Simmer 2000 | Wettersport |
1999 | D. Smits | ||
1998 | Teuni Venema-Galema | Plattelânsfroulju | |
1997 | Rinnie en Ali Schreur | S.C Oeverzwaluwen | |
1996 | Klaas de Vries | Muzykkorps | |
1995 | Hennie Sinnema-van Veen | EHBO | Reade Krús |
1994 | Jannie Vonk-Bakker | De Klink | |
1993 | Durk Bloem | aldereinsoas | |
1992 | Gerrit Folkertsma Jan Hoekstra Ulbe Postma |
fûnsewinners muzykkorps | |
1991 | Jannie Faber-Dijk | help ynfalide buorfrou | |
1990 | Piebe de Vlugt | muzyk | ynset foar oaren |
1989 | Petrus de Lange Willem de Hoop |
jierlikse optocht |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |