Beintemastate

(Trochferwiisd fan Beintemahûs (state))

Beintemastate lei bewesten de buorskip Westerbuorren benoarden Westergeast, tichtby it Dokkumer Djip. Fan de state is neat mear werom te finen. Op it plak fan de state leit no it buorskip Beintemahûs

Beintemastate

De state komt yn 1543 foar as “Banthiema-huys” en wie nei alle gedachten yn 1540 eigendom fan Sipcke Beintema. Ecke Bynthziema libbe yn 1577 en wie mooglik de pake fan Douwe Douwes Beintema dy't mei syn frou Beijtske fan Peijma yn 1621 en 1640 de state bewenne. Harren soan Ecke Douwes Beintema wenne dêr yn 1662. Dy lêste ferkocht de state yn 1671 oan Antonius Jennema, boargemaster fan Dokkum. Dy Antonius moat foar dy tiid tige âld wurden wêze want pas yn 1739 (68 jier letter) ferkocht hy it hûs oan boargemaster Gosuinus Heringa dy't it hûs as simmerferbliuw brûkt skynt te hawwen.

Eigeners
  • 1540 Sipcke Beintema (?)
  • 1577 Ecke Bynthziema
  • 1621, 1640 Douwe Douwes Beintema
  • oant 1671 Ecke Douwes Beintema
  • 1671 – 1731 Antonius Jennema
  • sûnt 1739 Gosuinus Heringa

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • DBNL: Beintemahûs, Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland