Belogorski-kleaster

It Otterdokse Misjonêre Sint-Nikolaaskleaster (Russysk: Белогорский Свято-Николаевский славно-миссионерский мужской монастырis) is in kleaster fan it bisdom Perm-Kûngoer foar muontsen op 'e Belaja Gora (Wite Berch) yn it kraj Perm, Ruslân. It kleaster krige de namme "Atos fan 'e Oeral" fanwegen de strikte regels fan it kleaster neffens de tradysjes fan Atos.

Belogorski-kleaster
Белогорский монастырь
Katedraal fan it Hillich Krús.
Katedraal fan it Hillich Krús.
Lokaasje
lân Ruslân
kraj Perm
plak Belaja Gora (Wite Berch)
koördinaten 57° 23' N 56° 13' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1890
opheffing 1923
weriepening 1991
Ynformaasje bou
boujier 1902-1917
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
monumintale status Regioaal monumint
monumintnûmer 591620579470005
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Belogorski-kleaster (Ruslân)
Belogorski-kleaster

It kleaster leit likernôch 70 kilometer súdlik fan it sintrum fan Perm en 40 kilometer westlik fan Kûngoer.

 
It kleaster yn 1913.

It idee om in kleaster op 'e Wite Berch te stiftsjen datearret fan 9 juny 1890, nei't de preester Stefan Lûkanin op in misjereis nei it gebiet op in nacht tegearre mei in pear oaren de berch beklom om dêr moarnsier fan it útsicht te genietsjen. De preester wie sa optein oer it útjoch, dat er opslach fan doel wie dêr in kleaster te stiftsjen as misjesintrum ûnder âldleauwigen. Op it plak dêr't it komme moast plante er fuortendaliks in lyts houten krús. It kleaster beskôget dy datum as de stiftingsdatum fan it Nikolaaskleaster.

Nei de mislearre oanslach op tsarevitsj Nikolaas op 11 maaie troch Tsuda Sanzō by in besite oan Japan waard yn 1891 út tankberens foar de rêding in 10,65 meter heech tsarekrús oprjochte. It krús waard troch in slimme stoarm yn 'e maaitiid fan 1901 fernield, mar noch yn itselde jier wer oprjochte en bleau oant 1918 stean.

De tariedings foar de bou fan it kleaster fûnen yn 1893 plak. Yn dat jier waard ek útein set mei de bou fan 'e earste houten Nikolaastsjerke, dy't op 22 febrewaris 1894 ynwijd waard. It gebou wie noch net ôf want der waard ek noch in boppetsjerke foar simmerdeis boud, dy't oan it begjin fan 'e simmer fan 1895 foltôge waard en yn bywêzigens fan in soad pylgers ynwijd waard troch de biskop fan Perm. Tagelyk begûn ek de bou fan kleastergebouwen en in skoalle foar it ûnderwizen fan wezen. Njonken de gewoane fakken en tsjerkesang krigen de bern ek les yn ferskate ambachten.

Tusken 1895-1896 waard noch in tsjerke boud; de twa ferdjippings tellende Tsjerke fan it Ikoan fan 'e Teotokos Iverskaja.

Krúskatedraal

bewurkje seksje

Op 16 novimber 1897 baarnde de houten Nikolaastsjerke oant op 'e grûn ôf. Op 24 juny 1902 folge it lizzen fan de earste stien foar de hjoeddeiske neo-byzantynske Katedraal fan it Hillich Krús. De bou duorre 15 jier en de wijingsseremoanje fan 'e nijbou fûn fyftjin jier letter op 7, 8 en 9 juny 1917 plak. Likernôch 30.000 minsken wennen de plechtichheden by.

 
De yn 1918 trch de bolsjewiken fermoarde argimandryt fan it kleaster.

De katedraal, de meast monumintale fan it bisdom, waard boud neffens it model fan 'e Vladimirkatedraal yn Kiëv en finansierre mei jeften en jild fan it kleaster sels.

Mei de revolúsje yn Ruslân brieken der tragyske tiden oan foar it kleaster. Op 25 augustus 1918 smieten de bolsjewiken de doedestiidske archimandryt Varlaam, nei't se him tamtearre hiene, yn 'e Kama-rivier. Fan augustus 1918 oant jannewaris 1919 skeaten de bolsjewiken nei in martelgong 34 muontsen fan it kleaster dea.

It Wite Leger befrijde it gebiet op 24 febrewaris 1919, de plondere katedraal waard wer oplape en der fûn in koarte oplibbing fan it kleaster plak, mar in pear moanne letter wisten de bolsjewiken it hiele gebiet ûnder kontrôle te krijen. Fjouwer jier letter, yn maart 1923, folge de definitive sluting fan it kleaster. Yn 'e gebouwen waarden beheinden ûnderbrocht en yn 'e Twadde Wrâldkriich in revalidaasjesintrum foar ferwûne soldaten. Fan 1946 oant 1986 wie der ferpleechhûs foar âld-striders. De tsjerke fan it Iverskaja-ikoan waard yn 'e jierren 1920 ôfbrutsen.

Troch in grutte brân yn 1980 rekke de katedraal slim skansearre, hast alle koepels baarnden ôf.

Weroplibbing

bewurkje seksje

It weroplibjen fan it kleaster barde yn de jierren 1988-1989, doe't it milleniumfeest fierd waard fan de doop fan 'e Rûs. Sûnt dy tiid naam it tal parochy's yn it bisdom Perm foars ta en allinne al tusken 1989 en 1991 waarden der wer twa kleasters iepene, wêrûnder it Belogorski-kleaster. De oerdracht fan it kleasterkompleks oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke fûn op 18 maaie 1991 plak. Sûnt is der in soad dien om de Krúskatedraal en it hiele kleaster te restaurearjen en it kleaster in bettere oansluting te jaan troch wegenferbettering. Ek it yn 1918 ferneatige tsarekrús waard rekonstuearre en foar pylgers waard in nij hotel oan it kompleks tafoege.

Fan 'e yn 'e Sovjet-tiid ôfbrutsen Tsjerke fan de Mem Gods Iverskaja stiet tsjintwurdich in model

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: