Bentincksleanetsjerke
De Bentincksleanetsjerke (ek Bentinckstsjerke) is in monumintale tsjerke yn Hoogeveen. De tsjerke waard boud as grifformearde tsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke dield troch synodale en frijmakke grifformearden. Sûnt 1997 is de tsjerke in ryksmonumint.
Bentincksleanetsjerke
Bentinckslaankerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Hoogeveen (gem.) | |
plak | Hoogeveen | |
adres | Bentincksleane 78 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1933 | |
arsjitekt | D. van Dijk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 507296 (tsjerke) [1] |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1933 boud foar de twadde grifformearde tsjerke fan Hoogeveen neffens in ûntwerp fan D. van Dijk. Foar de bou hiene de leden fan de tsjerke 57.000 gûne by inoar brocht. Tagelyk foarme de bou ek in wurkgelegenheidsprojekt foar wurkleaze grifformearden.[2] De bou fûn plak yn in oan de Nije Haachske Skoalle besibbe styl yn in yn de jierren 1930 oanleine nijbouwyk. It is in krústsjerke mei yn de noardeastlike hoeke in klokketoer.
Nei de frijmakking fan 1944 waard de tsjerke oant 1978 troch sawol de synodale as de frijmakke grifformearden yn ôfsûnderlike tsjerketsjinsten brûkt. Sûnt 1978 bleau de tsjerke allinne yn gebrûk as frijmakke tsjerke.
Noch yn de jierren 1988-1990 waard in nij oargel oanskaft. It waard troch Sicco Steendam út Warffum boud yn de styl fan in 19e-iuwsk ynstrumint fan G.F. Witte. De frijmakke tsjerke groeide yn de rin fan de tiid lykwols út de Bentinckstsjerke. Yn 2002 liet de tsjerke oan de Alteveerstrjitte it nagelnije 'De Opgang bouwe. Ek it Steendam-oargel waard nei de nijbou meinommen.[3]
Dêrnei stie de tsjerke jierren leech. Mei in ynterne ferbouwing krige it gebou yn 2011 in nije funksje. Yn de tsjerke is mei in frijsteande staalkonstruksje in ferdjipping makke, mar it eksterieur bleau itselde. Yn de tsjerke binnen sosjale organisaasjes ûnderbrocht.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|