Rangtelwurd

(Trochferwiisd fan Bepaald rangtelwurd)

In rangtelwurd is in wurdsoarte dy't in foarm fan it telwurd is, en dy't de rangfolchoarder yn in rige oanjout. Men sjocht as oantsjutting foar dit begryp inkeld ek wolris de Latynske foarm ordinale (meartal: ordinalia). Der besteane twa soarten rangtelwurden: it bepaald rangtelwurd (of beskaat rangtelwurd) en it ûnbepaald rangtelwurd (of ûnbeskaat rangtelwurd). By bepaalde rangtelwurden is persiis dúdlik om hokker rang oft it giet, wylst dat by ûnbepaalde rangtelwurden ûndúdlik bliuwt.

Bepaalde rangtelwurden

bewurkje seksje

Om in bepaald rangtelwurd te foarmjen, nimt men in haadtelwurd en heakket dêr de suffiks -ste oan ta:

  • acht – achtste
  • tweintich – tweintichste
  • achtentweintich – achtentweintichste
  • fiifenfyftich – fiifenfyftichste
  • hûndert – hûndertste
  • tûzen – tûzenste
  • miljoen – miljoenste

Oan 'e haadtelwurden sân, njoggen, tsien en trettjin oant en mei njoggentjin wurdt ynstee fan -ste de suffiks -de taheakke:

  • sân – sânde
  • njoggen – njoggende
  • tsien – tsiende
  • trettjin – trettjinde
  • fyftjin –fyftjinde
  • njoggentjin – njoggentjinde

By de haadtelwurden ien oant en mei seis is de ferbûging ta rangtelwurd ûnregelmjittich:

  • ien – earste
  • twa – twadde
  • trije – tredde of trêde
  • fjouwer – fjirde
  • fiif – fyfde of fyfte
  • seis – sechsde of sechste

Rangtelwurden kinne skreaun wurde op ferskate manearen:

  • yn letters: earste, twadde, tsiende, tweintichste
  • yn sifers mei in -e: 1e, 2e, 10e, 20e
  • yn sifers mei in -e yn superskrift: 1e, 2e, 10e, 20e
  • yn sifers mei de hiele suffiks útskreaun: 1ste, 2de, 10de, 20ste
  • yn sifers mei de hiele suffiks útskreaun yn superskrift: 1ste, 2de, 10de, 20ste
  • yn sifers mei in ordinaalteken (dus net in gradeteken): 1º, 2º, 10º, 20º
  • yn sifers mei de hiele suffiks útskreaun en in keppelstreekje ynfoege: 1-ste, 2-de, 10-de, 20-ste

De lêste beide foarmen binne net botte gongber en sjocht men sadwaande mar selden. It Dútsk hat in hiel eigen systeem foar it skriuwen fan rangtelwurden. Dêr wurdt in ordinale punt efter it haadtelwurd tafoege. 1, 2, 10 en 20 (eins, zwei, zehn en zwanzig) wurde dan 1., 2., 10. en 20. (ersten, zweiten, zehnden en zwanzigsten).

Unbepaalde rangtelwurden

bewurkje seksje

By ûnbepaalde rangtelwurden is it, oars as by bepaalde rangtelwurden, dizenich om hokker rang oft it eins giet. Foarbylden fan ûnbepaalde rangtelwurden binne 'middelste' en 'lêste'. Men wit by 'lêste' wol dat it de achterste is, mar net om 'e hoefolste it giet ('hoefolste' is trouwens ek in ûnbepaald rangtelwurd).

By breukgetallen wurde haadtelwurden kombinearre mei rangtelwurden. Bygelyks 3/8 wurdt dan lêzen as "trije-achtste [diel]". De teller, it boppeste sifer, is dêrby altyd in haadtelwurd, en de neamer, it ûnderste sifer, is altyd in rangtelwurd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.