Twigeast

(Trochferwiisd fan Berdache)

In twigeast (in lienfertaling fan it Ingelske two-spirit) is in moderne oerkoepeljende term dy't troch in protte Yndianen yn Noard-Amearika brûkt wurdt om yn it Ingelsk persoanen mei in oare as normale geslachtsidentiteit yn harren mienskippen oan te tsjutten. Dizze term waard yn 1990 op in gearkomste fan homoseksuële, lesbyske, biseksuële en transseksuële Yndianen yn 'e Feriene Steaten oannommen as ferfanging foar de antropologyske term berdache. Hoewol't in protte lju de term 'twigeast' handich fine foar yntertribale kontakten, konseptualisearje lang net alle Yndiaanske folken seksualiteit en geslachtsrollen op dizze wize. Yn eigen fermidden brûke leden fan 'e measte folken boppedat in oantsjutting út 'e eigen taal foar sokke persoanen. Yn elts gefal wurdt de oantsjutting 'twigeast' breder akseptearre as de as denigrearjend beskôge term berdache.

Twigeasten by de Gay Pride-optocht fan San Fransisko, yn 2014.

It bestean fan twigeasten giet werom op 'e geslachtsrollen sa't dy foarhinne foarkamen by de Noardamerikaanske Yndianen. Net alle folken hiene (en hawwe) strang skate geslachtsrollen, mar by de measten dy't dat wol hiene, waarden yn 'e regel teminsten fjouwer fan sokke rollen erkend: froulike froulju, manlike froulju, froulike manlju en manlike manlju. De twigeasten (dy't dus wat fan beide seksen yn har geast hiene) belichemen de rollen fan 'e beide tuskenlizzende farianten, wêrby't se libben en klean droegen as oft se ta it tsjinstelde fysike geslacht hearden. Soks waard in protte sjoen as in spirituële rol. It bestean fan twigeasten mei in manlik lichem mar in froulike identiteit wie in fûneminteel elemint fan 'e kultuer fan 'e measte Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, en neffens de foaroansteande antropolooch Will Roscoe binne twigeasten mei sawol manlike as froulike lichems bekend út mear as 130 Noardamerikaanske kultueren, út eltse regio fan it kontinint.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources and further reading, op dizze side.