Berjocht:In dei yn de histoarje/11 maart
- 105 - T'sai Lun makket it earste skriuwpapier.
- 1753 - Egbert Douwes ferhuzet nei De Jouwer en begjint dêr in winkel mei de namme De Witte Os.
- 1928 - Han Hollander docht it earste sportferslach op de Nederlânske radio. It giet om de fuotbalwedstriid Nederlân - Belgje yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam.
- 1990 - Litouwen makket him as earste fan de Baltyske steaten frij fan de Sowjetuny.
- 2004 - Yn Spanje falle 190 deaden by fjouwer oanslaggen op treinen. De oanslaggen blike it wurk te wêzen fan in brigade fan de terreurgroep Al Kaida.
- 2006 - Ferstoarn: Slobodan Milošević, presidint fan Servje en fan Joegoslaavje (* 1941).
- 2009 - Yn it Dútske Winnenden sjit in jongen fan 17 jier santjin minsken dea, wêrnei't er himsels om it libben bringt.