Han Hollander
Hartog (Han) Hollander (Dimter, 5 oktober 1886 – Sobibór, 9 july 1943) wie de earste Nederlânske radio-sportferslachjouwer. Han Hollander waard it meast ferneamd troch de ferslaggen fan fuotbalwedstriden dy’t hy fan 1928 oant 1940 oer de radio stjoerde foar de AVRO.
Libben
bewurkje seksjeHollander waard berne op 5 oktober 1886 yn Dimter, hy wie de soan fan Simon Hollander en Frouwke Hoogstaal. As jongfeint wie hy yn 1902 ien fan de stifters fan de Dimter fuotbalklup Go Ahead, wêr’t hy de namme fan betocht hie. Hy soe hjir ek jierrenlang fuotbalje. Hollander troude yn 1912 Leentje Smeer (1886-1943). It stel krige yn 1915 in dochter, Froukje Esther (1915-1943).
Nei syn skoaltiid wurke hy fan 1904 oant 1921 yn in administrative funksje foar de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij. Yn di tiid wie hy ek sportsjoernalist wurden en wurke hy foar Het Sportblad. Yn 1921 kaam hy oan it wurk foar De Telegraaf, wêr't hy de adjunkt-sjef fan de sportredaksje waard. Dat wurk soe hy oant yn 1940 dwaan bliuwe.[1]
Yn de tiid fan syn militêre tsjinst wie ien fan syn maten Willem Vogt, de lettere direkteur fan de AVRO. Doe’t dizze immen nedich hie foar it earste sportferslach dat útstjoerd waard op de Nederlânske radio, skeat Hollander him yn it sin, dy’t earder al moai oer sport ferhelje koe. Dat earste ferslach waard dien op 11 maart 1928, by de fuotbalwedstriid tusken Nederlân en Belgje yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam. It wie fuortendaliks sa’n súkses dat Hollander dêrnei mear as 50 ynterlâns beprate soe, en yn de jierren ’30 tige populêr wie.
Dêryn sil ik de goeie prestaasjes fan it Nederlânske alvetal in rol spile hawwe. Benammen nei de kwalifikaasje foar it WK fan 1934 yn Itaalje waard it folk optein, lykas Hollander. Hy waard sjoen as in kundich en meislepend ferslagger, al wie syn sprektempo in stik leger as dat de minsken letter wend wienen. Hy wie ek in goed sjonger en hat in stik as wat lieten op plaat setten, dy’t in nijmoadrige earen in heech kuriositeitsgehalte hawwe soe.
Alhoewol’t der oan Hollander tocht wurdt as de earste fuotbalferslachjouwer, dy’t hy ek in soad oare sporten, wêrûnder swimmen en atletyk. Ek wie hy ferslachjouwer by de [Olympyske Spullen] fan 1936 yn Berlyn, wêr’t hy tige optein wie oer de resultaten fan Tinus Osendarp, dy’t dêr twa brûnzen medaljes helle.
By de Spullen fan 1936 krige hy in troch Adolf Hitler ûndertekene oarkonde dy’t him letter needlottich wurde soe. Nei dat de Dútsers yn 1940 Nederlân binnen fallen wienen, naam Vogt it wisse foar it ûnwisse, fanwegen syn bedriuwsbelied (útstjoerynkrimping) waarden kontrakten fan joadske- (wêrûnder ek Hollander) en fan net-joadske frije programmeiwurkers net ferlingt. Nei it fuortgean fan Vogt waarden yn 1941 de joadske meiwurkers yn fêste tsjinst ûntslein. Hollander tocht dat him, troch it besit fan Hitler syn oarkonde, net in soad barre koe en ferstoppe him net. Hy waard dochs ôffierd nei it Kamp Westerbork. Neffens Werner Löwenhardt (dy’t fan it kamplibben tekenings makke) ferbleau de famylje Hollander yn de oarloch net yn Kamp Westerbork, mar yn barakken bûten it kamp by de bewakers. Herbert Bitter hat in stik as wat brieven fûn dy’t Hollander skreaun hat. Letter waard Hollander mei syn famylje fuortbrocht nei it ferneatigingskamp Sobibór yn Poalen, wêr’t hy yn 1943 om it libben kaam.
Han Hollander wurdt op ferskate plakken betocht. Yn it Olympysk Stadion hinget in plakkette dy’t syn earste útstjoering betinkt. Nico Scheepmaker skreaun oer him yn it boek “Het krankzinnige kwartier” (1978).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- De herinnering aan Han Hollander, VPRO Geschiedenis
- HOLLANDER, Hartog (1886-1943), Instituut voor Nederlandse Geschiedenis
- Hartog Hollander, Joodsmonument.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|