Berjocht:In dei yn de histoarje/27 jannewaris
- 1356 - Oan de Gemeente Inkhuzen wurde stedsrjochten ferliend troch greve Willem V fan Hollân.
- 1443 - Berne: Albrecht fan Saksen, hartoch fan Saksen († 1500).
- 1756 - Berne: Wolfgang Amadeus Mozart, Eastenryks komponist († 1791).
- 1917 - Tredde alvestêdetocht wurdt wûn troch C.C.J. de Koning út Arnhim yn in tiid fan 9.53 oere.
- 1926 - John Baird jout de earste demonstraasje fan in nije útfining: de telefyzje.
- 1943 - De stêd Wilhelmshaven wurdt de earste stêd yn Dútslân dy't bombardearre wurdt troch de Amerikanen yn de Twadde Wrâldkriich.
- 1944 - Berne: Kevin Coyne, Britsk musikus, skriuwer en skilder († 2004).
- 2005 - Ferstoarn: Libbe de Jong, fermoarde yn Wolvegea (* 1951).